25 septimber - Yn de “Krústocht fan Nikópolis”, tsjin de Osmaanske Turken dy't it keninkryk Hongarije bedriigje, wurdt Jan sûnder Eangst, de troanopfolger fan Boergonje, ontvoerd. Syn heit Filips de Dryste moat in protte losjild betelje. By de ridders dy't fêstset waarden wie ûnder oaren Enguerand VII fan Coucy.
It Amelân komt oan de greve fan Hollân. It sil letter (15e iuw) falle ûnder de hearlikheden fan de hearen Cammingha yn Ljouwert.
De nijbou fan Elburch op in feiliger plak wurdt foltôge ûnder lieding fan de Gelderske rintmaster Arent Thoe Boecop.