Caspar de Robles trout mei Jeanne de Saint Quentum, frou fan Billy, en waard dêrmei eigener fan kastiel mei lannen yn Billy yn Arteezje, besuden Rijsel.
De Steaten-Generaal yn Brussel beslute oan Filips II de Njoggenjierrige Help ta te kennen, in finansjeel plan dêr't se de kommende njoggen jier jilden by beheare, ynje en oan de kening ôfstean. De kening is tige ûntefreden oer dy parlemintêre ynminging, mar stimt ta. Dat is de lêste kear dat de Steaten en de kening in oerienkomst slute.