John Hanson wurdt keazen ta earste Presidint fan de Feriene Steaten yn Kongres gear. Neffens guon (en ferkearde) boarnen is Hanson de earste Amerikaanske presidint, en net George Washington
13 maart - AstronoomWilliam Herschel ûntdekt de planeet Uranus. Hy bewiist ek it bestean fan de ynfrareade strielen, dy't bûten it sichtbere spektrum lizze.
5 augustus - Slach by de Doggersbank. De Ingelske float falt in Nederlânsk konfoai oan by de Doggersbank. De slach einiget feitlik ûnbeslist, mar wurdt yn Nederlân as in geweldige oerwinning fierd en wurdt dêrnei alle jierren troch de patriotten betocht mei taspraken en banketten.
12 novimber - Joazef II furdiget in dekreet oer de tolerânsje út. "Net-katoliken", d.w.s. joaden mar ek protestanten krije yn Belgje godstsjinstfrijens, de kultusfrijens bliuw ta de privee-sfear beheind.