Valletta troude yn 1994 mei it manlik model Hervé Le Bihan, mar skiede twa jier letter fan him. Yn septimber 2003 troude sy op 'en nij mei Christian McCaw, in eardere follyballer dy't foar de Feriene Steaten útkaam op de Olympyske Simmersullen 2000. Har earste bern, Auden McCaw, waard yn oktober 2000 berne.