Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Ane de Boer

Ane de Boer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ane de Boer
oare namme Anne de Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 24 novimber 1908
berteplak Rie
stoarn 9 oktober 1982
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt assuradeur
aktyf as lânboubestjoerder

Ane de Boer[1] (Rie, 24 novimber 1908Ljouwert, 9 oktober 1982) wie in assuradeur en lânboubestjoerder.[2][3]

Direkteur fan de Fersekeringsfûnsen (Koöperatyf Fersekeringsfûns, Underling Boerefersekeringsfûns en Underling Syktefersekeringsfûns), dêr wurksum sûnt 1932 (nei stúdzje te Rotterdam) en sûnt maaie 1940 direkteur (oant july 1972).

Sûnt de oprjochting yn 1946 oant 1972 lid fan it bestjoer fan it ynstitút foar Lânboukoöperaasje yn Fryslân. Fan de oprjochting yn 1967 ôf fise-foarsitter fan it bestjoer fan de stifting Permaninte lânboumanifestaasje De Flevohof en fan 1964-1972 foarsitter fan de Keamer fan Keaphannel en Fabriken foar Fryslân.

Hy waard beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau yn 1967.[4] De Boer ferstoar op 9 oktober 1982 yn Ljouwert en waard kremearre yn Goutum.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Yn guon boarnen ek wol Anne de Boer neamd
  2. Berte-akte, AlleFriezen
  3. Drs. Ane de Boer, oudvoorzitter Kamer van Koophandel, overleden, Ljouwerter Krante, 11 oktober 1982
  4. Kanselarij der Nederlandse Orden: gedecoreerden
  5. Rou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 11 oktober 1982
Kembali kehalaman sebelumnya