Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Appalachen

De Appalachen
Blue Ridge Mountains

De Appalachen (Ingelsk: Appalachian Mountains) binne in middelberchtme yn it easten fan Noard-Amearika. It berchtme mei in lingte fan 2400 km en in breedte fan 160 oant 480 km is hersynysk (300 - 450 miljoen jier âld) fan oarsprong en hat in protte stienkoalfjilden. Ea wie it berchtme like heech as de Alpen en de Rocky Mountains foar't it erodearre. Mount Mitchell is no mei 2.037 m de heechste top.

De berchkeatlings rinne fan súdwest nei noardeast yn meast paralelle linen dy't in brede lingtedelling ynslute, de Great Appalachian Valley. Sy wienen lange tiid in behindering foar de east-west ferbinings (dyk en spoar) yn de Feriene Steaten.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Appalachian Mountains fan Wikimedia Commons.
Kembali kehalaman sebelumnya