Attila, Goatysk foar heity, (sa. 406 – Hongarijemaart453) wie kening fan de Hunnen. Hy hearske oer East- en Midden-Jeropa yn it tiidrek 441–452 en hâlde grutte rôftochten. It West-Romeinske Ryk kaam benammen troch syn ferskinen yn in spiraal nei ûnderen telâne. De persoan Attila hat de ynspiraasje west foar de figuer Etzel yn it midsiuwskeNibelungenliet en de Thidrekssaga en foar Atli yn de Völsunga saga. Hy hie de bynamme Gisel Gods omdat elkenien grutte eangst foar him hie.
Opkomst en it East-Romeinske ryk
Atilla wie de soan fan in Hunnysk stamhaad. Syn omke Rûgila hie yn 432 alle Hunnen ferienige ûnder ien keningskip en nei syn dea yn 434 waard er opfolge troch de bruorren Attila en Bleda.
Under it bewâld fan Attila en Bleda waarden de grinzen fan it East-Romeinske ryk bedrige. Wylst it leger fan de keizer Teodosius II har dwaande hâlde mei ekspedysjes tsjin de Fandalen yn Afrika en de Sassaniden yn Armeenje stutsen de Hunnen de Donau oer en foelen it ryk yn. Sy plonderen de Romeinske stêden yn Illyrikum en yn 443 wie harren leger de haadstêd Konstantinopel benei komd. Sy fersloegen it tafleane Romeinske leger by de rivier de Utus en nei it ferlies moast de keizer de Hunnen in grutte ôfkeapsom betelje sadat sy Konstantinopel gewurde litte soenen.
Autokraat
Yn 445 fermoarde Attila syn broer en krige dêrmei de hearskippij oer de Hunnen. Utsein de Hunnen wienen ferskate Germaanske stammen oan him ûnderhearrich, benammen de Ostrogoaten en Gipiden.
Mei in grut leger sette hy op it suden yn en op 'e nij foel er it Eastromeinske Ryk yn. Diskear rekke er yn Moesje yn gefjocht mei it leger fan de Romeinen dat er fersloech. Op 'e nij waarden de stêden op de Balkan plondere en ferwoaste. Lykwols hienen de Romeinen de ferdigening fan harren haadstêd better organisearre. De Romeinen moasten de frede ôfkeapje mei jild en in stik fan harren grûngebiet ôfstean. Tichtby Singidunum, it moderne Belgrado makke Alarik syn haadplak. Dêrwei hearske er oer syn grutte ryk.
De ynfal yn Galje
Doe't Attila it East-Romeinske ryk stienearm makke hie, brocht er in grut leger op oarder en teach nei it westen. Yn de maaitiid fan 451 stuts hy sûnder tsjinstân te ûnderfinen fan Frankyskefoederaty, by Koblenz de Ryn oer. Hy folge de Mûzel nei it westen ta en alles dêr't er by del kaam waard ferwoaste. Alle stêden dy't ynommen waarden, waarden yn 'e brân stutsen en harren ynwenners fermoarde.
Lykwols moete er by Parys foar it earst wjerstân fan betsjutting. Neffens de skreaune boarne waard de ferdigening fan de stêd organisearre troch Genoveva of Geneviève, in famke dat letter as patroneshillige fereare waard. De oanfal fan Attile op 'e muorren fan de stêd mislearre en hy teach my it leger nei it suden dêr't bewenners fan Orléans it ferlies belije moasten.
De Romeinen hienen yn de tuskentiid al har Germaanske foederatyfolken mobilisearre en ûnder oanfiering fan oerbefelhawwer Aetius waard in grut leger yn stelling brocht tsjin de Hunnen. Op 20 septimber451 stienen beide legers tsjinoer inoar tusken Troyes en Châlons-sur-Marne. Yn de slach dy't letter bekend wurden is as de slach op de Katalaunyske Fjilden einige nei in fûl gefjocht dat de hiele dei duorre, de slach. Lykwols hie it leger fan Atilla safolle manlju ferlern dat er werom gie nei it easten.
Fia in omwei luts hy de Alpen oer en bedarre yn Itaalje. Hy sette him ta Rome en belegere de stêd, sûnder har lykwols yn te nimmen. Wat der doe allergearre barde is net dúdlik, mar nei in petear mei de destiidske paus Leo de Grutte ferlit er Itaalje en ferstjert in jier letter.
It ferhaal giet dat er yn 453 yn de omkriten fan de rivier de Tisza tidens in drankorgy stikt wêze soe. In skoftke letter letter kamen de ûnderwurpen folken yn opstân en foel syn ryk útinoar.