De Bastille Saint-Antoine, bekend wurden troch de ferkoarte oantsjutting ‘La Bastille’, wie in kastiel-finzenis yn Parys, dy't bekend waard troch de bestoarming derfan op 14 july1789, wat as begjin fan de Frânske Revolúsje beskôge wurdt. Tariedings foar de bou fan de Bastille begûnen yn 1357, it echte bouwurk sette nei 1370 útein en it kastiel wie klear yn 1383. Nei de Frânske Revolúsje waard it as in hate symboal fan it ancien régime yn 1790 sloopt.
De opset fan it kompleks wie in ûnregelmjittige rjochthoeke mei acht tuorren mei elk in eigen namme :
Tour du Coin (oers.: de Hoeketoer)
Tour de la Chapelle (oers.: de Kapeltoer)
Tour du Trésor (oers.: de Skattoer)
Tour de la Comté (oers.: de Greefskipstoer)
Tour du Puits (oers.: de Puttoer)
Tour de la Liberté (oers.: de Frijheidstoer)
Tour de la Bertaudière
Tour de la Basinière
Opfallend oan konstruksje fan muorren en tuorren wie, dat beide hast like heech wienen en dat alle tuorren mei brede trânsen met elkoar yn ferbining stienen. Foardiel hjirfan wie, dat by ûnrie yn de buert fan de iene toer de manskippen der daliks hinne rinne koenen, sûnder earst de treppen del by de iene toer en de treppen op nei de oare toer te hoegen. In oar foardiel fan de brede trânsen wie de mooglikheid om artillery op de muorren te setten.
De ôfmjittings fan it kompleks wienen (lingte x breedte x hichte): 70 meter x 30 meter x 25 meter. De muorren sels wienen 4,5 meter dik. It gehiel lei mids in brede slotgrêft, dy't ± 8 meter djip wie en syn wetter krige út de Seine. Tusken de Basinièretoer en de Comtétoren (súd) lei de yngong mei in ophelbrêge. Dy wie nei 1580 makke en waard dêrmei de ienige tagong ta it kompleks.
Binnen de muorren leinen twa binnenpleatsen, de Grande Cour en de Cour du Puits. Omdat it gebou earst allinnich opsetten wie as in fersterke kastiel, wienen binnen de muorren ek meardere fasiliteitsgebouwen. Sa wie der in bibleteek, in kapel en in gearkomsteseal, mar ek it arsenaal.