Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Burdaard

Burdaard
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.170 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,71 km², wêrfan:
- lân: 6,56 km²
- wetter: 0,15 km²
Befolkingsticht. 180 ynw./km²
Oar
Postkoade 9111-9112
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 17' N 5° 52' E[1]
Offisjele webside
Side Burdaard
Kaart
Burdaard (Fryslân)
Burdaard

Burdaard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Burdaard leit noardlik fan Aldtsjerk, súdeastlik fan Wânswert, westlik fan Rinsumageast en besuden Jislum. Op 1 jannewaris 2023 hie Burdaard 1.170[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan beide siden fan de Dokkumer Ie.

Skiednis

Untstean

Burdaard op in gravuere fan Jan Bulthuis (ein fan de 18de iuw)

Burdaard is ûntstien op in terp oan de Dokkumer Ie. Yn 945 wurdt Burdaard as Breitenfurde (Breedfurde) neamd yn de registers fan it kleaster Fulda. It liket der lykwols op dat der ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau en sa't de namme lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de echte namme Birdwerd west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming giet, dy't oerset wurde kin as "brede fuorde". (in furde is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn 1409 wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "Berdawerd", in foarrinner fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "Berdaewerdt", "Bierdauwert" en "Berdaerdt".

Yn de rin fan de tiid ûntstie der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter fan de Dokkumer Ie. Sa kaam der ek hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen en setten ambachtslju harren yn Burdaard nei wenjen dy't mei it wetter te dwaan hiene. Yn Burdaard hawwe der trije skipshellingen west, dêr't fral fiskersskippen boud waarden.

Burdaard en Wânswert oan de Streek

Burdaard wie eartiids in twillingdoarp yn de twa gemeenten Dantumadiel en Ferwerderadiel. Oan de noardkant fan de Dokkumer Ie lei Wânswert oan de Streek yn de gemeente Ferwerderadiel, oan de súdlike kant it doarp Burdaard yn de gemeente Dantumadiel. De ynwenners bekroaden har der net folle om. Allinne by de gemeenteriedsferkiezingen hongen oan beide kanten fan de Ie ferskillende biljetten. Wânswert oan de Streek waard by Burdaard ta ien doarp yndield en yn 1984 waard hiel Burdaard mei Jannum by in gemeentlike weryndieling ûnder de gemeente Ferwerderadiel brocht.

Dokkumer Ie

Healwei de 13e iuw waard de Ie tusken Burdaard en Tergrêft trochgroeven, en yn 1506 waard dizze rivier foar it earst slatten. Der wurdt melding makke fan in trochwâd yn de Ie by Burdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "Berdawerder(a)tille". Yn 1777 bart de twadde grutte slatting fan de Ie.

Hannel

Geunstich foar de ûntwikkeling fan Burdaard hat west dat it doarp op 'e grins lei fan de klaai en de Wâlden. Burdaard waard in steapelplak foar de trochfier nei Ljouwert en Dokkum. Keaplju kochten foaral tsiis op, dy't hja fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.

Ut 'e skieppehannel folge de komst fan slachters, dy't de skiep slachten en it fleis ferkochten nei de stêden. It fet waard brûkt troch de kearsemakkerij. It iennige dêr't gjin hannel yn siet, wiene de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe dêr de skelnamme fan skieppekoppen oan oerholden.

De ûntwikkeling is ek oan de Ie ferrûn. It wiene foaral rintenierjende boeren dy't in hûs oan it wetter in gaadlik plak fûnen.

Yn de 19e iuw begjint de rykdom fan de Burdaarders te groeien. Yn de twadde helte fan de 19e iuw wurde de earste diken nei Jislum, Wânswert en Stiennen Daam ferhurde

Yn de Twadde Wrâldoarloch yn de nacht fan 15 op 16 augustus 1944 waard it hûs fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei hângranaten ferwoaste en yn de lôge setten. Dat wie in represaille nei in fjoergefjocht yn en om it hûs tusken trije fersetsleden, wêrûnder Leystra sels, en in oantal leden fan de SD, wêrby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp foar in skoftke om't hja benaud wiene foar de reaksje fan de Dútske besetter. Leystra bleau oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt.

Om 1970 hinne lûkt in ekonomyske malêze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels ophâlde te bestean. Yn 1972 begûn in grut ruilferkavelingsprojekt en om 2000 wreide it doarp flink út mei in nijbouprojekt oan de westkant fan it doarp, oan de Dokkumer Ie.

Yndustrialisaasje

Nei 1900 waarden it molkfabryk Konkordia en de feefoerkoöperaasje De Iendracht stichte. De Iendracht ferwurke ek dong. Nei 1945 binne beide troch fúzjes ferdwûn. Fan Konkordia is neat mear oer. Yn it kompleks fan De Iendracht is no in arsjitekteburo.

11stêdeswimtocht

It stânbyld fan Maarten van der Weijden yn Burdaard, makke troch Hans Jouta.

Op 20 augustus 2018 moast swimmer Maarten van der Weijden yn Burdaard syn besykjen opjaan om yn it ramt fan syn 11stêdeswimtocht de Alvestêdetocht te swimmen. Op 15 juny 2019 waard yn 'e haven fan Burdaard in stânbyld fan Van der Weijden as swimmer ûntbleate, dat makke wie troch keunstner Hans Jouta fan Ferwert.

De tsjerken

Tsjerke op 'e Terp

De Tsjerke op 'e Terp

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke op 'e Terp (Burdaard).

De Tsjerke op 'e Terp út 1851, de eardere herfoarme tsjerke, stiet wat bûten it doarp op de terp mei de pleats Grut Wytsma. It hat noch al wat drokte jûn om de tsjintwurdige tsjerke te bouwen. Burdaard/Jannum wie in earme gemeente en neffens it plan soe der in foarse tsjerke komme. De hegere tsjerklike ynstânsjes hawwe dat plan ôfkard. Burdaard is doe mei in ienfâldiger plan kommen. As foarbyld tsjinne de tsjerke fan Ikkerwâld. It Adema-oargel is makke foar de Roomsk-Katolike Tsjerke yn De Kuunder. Yn 1871 is it ferhûze nei Burdaard.

De Tsjerke oan 'e Ie

Tsjerke oan 't Ie
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Burdaard).

De Ofskieding fan 1834 hat yn Wânswert hiel sterk spile. De ôfskiedenen holden harren tsjinsten yn Wânswert oan 'e Streek. Yn 1861 kaam der in tsjerke. Dy is yn 1892 ferfongen troch de tsjerke dy't der no stiet. Offisjeel hiet de tsjerke de Kristlik Ofskieden tsjerke, letter de Grifformearde tsjerke fan Wânswert. Under Wânswert wurdt der fierder op de skiednis fan de Ofskiedenen yn gien. Tsjintwurdich binne de grifformearden en herfoarmen fusearre en foarmje hja de Protestantske Gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum.

De Nederlandse Protestanten Bond

De frijsinnigen yn Burdaard hawwe in skoft in ôfdieling west fan de NPB. Hja kamen gear yn de boppeseal fan de herberch Het Posthuis, no kafee 't Hoekje. De herberch hat der de namme fan de Bond oan oerholden.

De mûnen

De Swel

De Wikipedy hat ek in side De Swel (Burdaard).
Houtseach-, nôt- en pelmûne De Swel

Yn 1841 waard yn Burdaard in pel-, nôt- en houtseachmûne stichte. Dy brânde yn 1874 ôf. Nei de brân waard de mûne wer opboud en krige doe de namme De Swel (De Zwaluw). Neffens de oerlevering gie it ynearsten net sa goed mei de saken. De eigner kaam der sa op om de mûne 'De Swel' te neamen; hy soe dan oan it sprekwurd tocht hawwe dat swel oan de simmer ferbynt.

De mûne waard al net mear brûkt en wie al ferrinnewearre, doe't op 11 novimber 1972 it wjerljocht yn 'e mûne sloech. It doarp hat besletten om de mûne wer syn âlde gloarje te jaan. Der wiene ferskate tûkelteammen, mar yn 1989 waard der mei it wurk begûn. Yn 1995 stie de mûne der wer kreas by. Yn 1999 kaam der hielendal klear troch't it houtstek ek restaurearre wie, mei in museum deryn. De mûne waard eigendom fan de gemeente Ferwerderadiel, en wurdt no draaid troch frijwillige mûnders. Bakkers litte der harren moal mealle en sneons draait ek de houtseagerij wer.

De Swel is mei syn hichte fan 42 meter in wichtich part fan it doarpsgesicht fan Burdaard.

De Oaljefant

De Wikipedy hat ek in side De Oaljefant (Burdaard).
De Oaljefant

In eintsje bûten Burdaard stiet de wettermûne De Oaljefant, De Olifant. Dy mûne is yn 1856 út Grinslân kommen. It doel wie om it lettere wetterskip De Oaljefant te bemeallen. It wetterskip is yn gruttere wetterskippen opgien. Yn 1970 stie de mûne dêr bûten gebrûk. Der kamen doe plannen om de mûne wer yn syn âlde steat werom te bringen. Fan 1978/1979 en yn 1991 binne dy plannen mei súkses útfierd. De mûne draait wer mei in frijwillige mealler. De Stichting De Fryske Mole is eigener wurden.

De Traitabel

Yn 1855 liet Gerk Pieters Oberman in houtseachmûne bouwe. Hy krige as namme: De Traitabel. Dat betsjut soksawat as brûksum of hânsum. Yn 1864 brânde de mûne ôf. Der kaam wer in nije mûne, oant yn 1918 op Krystjûn bern mei fjoer boarten en de mûne wr yn flammen opgyng. Op it mûnehiem kaam doe in elektryske houtseagerij, mei deselde namme. Sa'n fjirtich jier letter, yn de fyftiger jierren, is dy lykwols wer sletten.[3]

De âlde brêge oer de Ie

Dokkumer Ie

In ferklearring fan de namme Burdaard soe ek yn it âlde wurd furde lizze kinne. In furde wie in plak dêr't je troch it wetter rinne koene. Burdaard hie ek in furde yn de Ie. Troch't de skippen grutter waarden, moast ek de furde ferdwine. Yn 1777 krige Simen Jans, de kastlein fan de herberch dêrnjonken, in fergunning om in brêge oer de Ie te meitsjen. Dat waard in klapbrêge. Net allinne de skippers moasten wat yn 't klompke dwaan, ek it ferkear oer de dyk moast tol betelje. Oant 1937 hawwe de kastleins dat rjocht holden. De brêge is sels neamd nei de kastleins Steenhuisen. Letter is der in draaibrêge kommen.

It Ruurd Wiersma Hûs

Yn Burdaard wenne de molkfarder Ruurd Wiersma. Hy wie ek skilder. Mei fytslak hat er troch syn hiele hûs skilderingen oanbrocht. Hy wurdt rekkene ta de naïve sneinsskilders. Doe't er ferstoar wie der belangstelling foar de naïve skilderkeunst. Der waard dan ek besletten om syn hûs te litten lykas Ruurd Wiersma dat efterlitten hie. It hûs is ynrjochte as museum mei it wurk fan Wiersma.

Mienskip

Burdaard dielt mei Jislum de Feriening foar Doarpsbelang. It doarp hat in Stichting Aktiviteiten en in Oranjekommisje. De histoaryske feriening hjit Ald Burdaard. It jeugdhonk hjit The Pitch.

It Spektrum

It Spektrum

It multyfunksjonele doarpshûs 'It Spektrum' stiet oan de Skoalstrjitte. Yn It Spektrum binne û.o. in swimbad, in teäter, in bioskoop, in sportseal, in buertkeamer en berneopfang ûnderbrocht.[4]

Yn 2011 waard yn Burdaard in nij multyfunksjoneel gebou iepene, dêr't mannich doarp oergeunstich op wêze koe. Om't ferskillende foarsjennings yn it doarp oan fernijing ta wiene en de doetiidske gemeente Ferwerderadiel yn in takomstplan foarspegele krige, dat it doarp toeristysk grutte kânsen hie, waard besletten de foarsjennings fan it doarp yn in nije te bouwen sintrum te bondeljen. Alhoewol't de oarspronklike plannen wat minder útwrydsk útfierd waarden, ûntstie der dochs in plan dat tsientallen miljoenen kostje soe. Al by de iepening fan it kompleks yn 2011 wiene der swierrichheden: der wiene ynstellings dy't ôfheakken en ek de groei fan it toerisme foel ôf. De eksploitaasjetekoarten moasten al gau-eftich troch de gemeente oansuvere wurde en anno 2022 is it de fraach oft It Spektrum bestean bliuwe kin. Sels sloop wurdt net mear útsletten.[5]

Skoalle

KBS De Welle
  • Prot.-kristlike basisskoalle De Welle; it pjutteboartersplak hjit Oer de Brêge.

Ferieningen

Haven

Sport

  • Sportferiening 'De Sweltsjes'
  • Fuotbalferiening Burdaard
  • Biljertklup 'De Klos'
  • Kuorbalferiening 'Quick'
  • Dartklup 'Birdart'
  • Hânbôgeferiening 'Nocht en wille'
  • Iisklup Burdaard

Muzyk

  • Kristlik Mingde Sjongferiening
  • Muzykferiening 'Concordia'

Oars

  • Toanielferiening 'Op, mar net út 'e Hichte'
  • Fûgelwacht Burdaard
  • Kaartklup 'Klaverboer'
Dûmny R.H. Kuipersstrjitte

Befolkingsferrin

Jier 1744 1815 1840 1895 1931 1954 1959 1964 1969 1973
Ynwenners 60 343 400 472 765 701 672 639 597 554
Jier 2008 2015 2020
Ynwenners 1141 1165 1159

Berne

Strjitten

Alle strjitten yn Burdaard.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje
Kembali kehalaman sebelumnya