Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Christopher Lee

Christopher Lee
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christopher Frank Carandini Lee
nasjonaliteit Britsk
berne 27 maaie 1922
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 7 juny 2015
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Italjaansk
jierren aktyf 19482015
prizen BAFTA 2011
offisjele webside
christopherleeweb.com

Sir Christopher Lee (folút: Christopher Frank Carandini Lee; Londen, 27 maaie 1922 – dêre, 7 juny 2015) wie in Ingelsk akteur, skriuwer en sjonger fan mingd Ingelsk-Italjaansk etnysk komôf. Yn syn hast santichjierrich wurkpaad as akteur makke er karriêre troch faak de smjunt te spyljen. Hy krige yn 'e 1950-er jierren bekendheid mei syn fertolkings fan 'e fampier greve Dracula, yn 'e searje fan Hammer Horror-films. Letter spile er de krimineel Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun. Resinter makke er himsels by in hiele nije generaasje filmfans populêr mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman, yn de Lord of the Rings-filmsearje en as greve Dooku yn 'e Star Wars-prequeltrilogy. Lee, dy't sawol yn 'e Winteroarloch as yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten hie, wie dêrnjonken ek aktyf as stimakteur, publisist en hardrock-sjonger.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Lee waard yn 1922 berne yn 'e Londenske wyk Belgravia, as de soan fan Geoffrey Trollope Lee (1879-1941), in luitenant-kolonel yn it Britske leger, en dy syn frou, grevinne Estelle Marie Carandini di Sarzano (1889-1981). Syn heit focht yn 'e Twadde Boere-oarloch en de Earste Wrâldoarloch, wylst syn mem bekendstie om har skientme en ferivige waard troch de keunstskilders sir John Lavery, Oswald Birley en Olive Snell en ek troch de byldhouster Clare Frewen Sheridan. Lee, dy't ôfstamme fan Italjaanske adel, wie in betoerpakesizzer fan greve Francesco Carandini di Sarzano (1773-1839), in balling dy't ûnder de Napoleontyske Oarloggen syn heil yn Ingelân socht. Dy syn skoandochter (en Lee syn oerbeppe) wie de Ingelske operasjongster Marie Carandini (famkesnamme Burgess; 1826-1894). Oan syn heitekant wie Lee yn 'e fierte besibbe oan 'e Amerikaanske generaal Robert E. Lee en oan 'e astronoom John Lee.

Lee op Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, yn 2012.

Lee hie ien suster, Xandra Carandini Lee (1917-2002). Syn âlden giene útinoar doe't er fjouwer jier wie, en skieden doe't er seis jier wie. Syn mem naam de bern mei nei Switserlân, dêr't Lee yn Wengen op skoalle kaam. It wie dêr dat er syn earste aktearûnderfining opdie, as Oegemantsje yn it mearke mei deselde namme. Nei harren weromkear yn Londen wertroude Lee syn mem mei de bankier Harcourt George St-Croix Rose, de omke fan Ian Fleming (de geastlike heit fan geheim agint James Bond).

Mei njoggen jier waard Lee nei in ynternaat yn Oxford stjoerd, om him klear te steamen foar de prestizjeuze priveeskoalle fan Eton. Hoewol't Lee dêr yndie in talittingseksamen foar ôflei, koed er troch syn minne skoare op it mêd fan wiskunde gjin stúdzjebeurs besette. Om't syn styfheit net ree wie om 'e hege kosten fan in oplieding yn Eton te beteljen, learde Lee ynstee fierder oan it Wellington Kolleezje, in minder prestizjeuze priveeskoalle, dêr't er him ûnderskate yn 'e stúdzje fan 'e klassiken, Latyn en Gryksk. Oan 'e oare kant wied er net goed yn sport, en briek er gauris mei sin de regels, wat him faak op in wan bruien kaam te stean (ynklusyf ien kear foar it feit dat er te faak in wan bruien krige). Mei santjin jier moast er yn 1939 syn stúdzje oan it Wellington Kolleezje in jier foartidich ôfbrekke doe't syn styfheit fallyt gie. Koarte tiid letter skiede syn mem fan syn styfheit, en moasten Lee en syn suster wurk sykje om harsels te ûnderhâlden. Hy fûn in baantsje as klerk op it kantoar fan 'e rederij United States Lines, dat er lykwols mar koart hold.

Christopher Lee yn 2009.

Militêre tsjinst

Doe't de Sovjet-Uny ein 1939 Finlân binnenfoel en de Winteroarloch útbriek, reizge Lee nei Skandinaavje om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn it Finske Leger. Hy en oare Britske frijwilligers waarden op in feilige ôfstân fan it front ynset foar bewekking, dat Lee naam nea diel oan 'e gefjochten. Nei't er weromkeard wie nei syn heitelân, koed er fannijs oan it wurk by United States Lines. Yn 'e rin fan 1940 joech er him by de Home Guard, de Britske boargerwacht. Nei it ferstjerren fan syn heit, op 12 maart 1941, dy't wollen hie dat syn soan krekt as hysels yn 'e Britske lânmacht tsjinne, melde Lee him ynstee oan by de loftmacht, de Royal Air Force.

Fan de simmer fan 1941 ôf wied er earst in hoart stasjonearre yn Súd-Rodeezje, it tsjintwurdige Simbabwe, dêr't er syn oplieding ta piloat ôfmeitsje soe. Op syn ien nei lêste trainingsflecht waard er lykwols oerfallen troch pineholle en begûn er dûbeld te sjen, wêrnei't by him in ôfwiking oan 'e eachsenuw fêststeld waard dy't makke dat er nea wer sels fleane meie soe. Foar Lee, dy't alhiel ferslingere rekke wie oan fleanen, kaam dat nijs as in slimmen klap, en in skoft lang hong er mar wat doelleas om. Uteinlik dreau syn wil om wat konstruktyfs te dwaan him derta dat er him oanmelde by de ynljochtingedifyzje fan 'e RAF.

Lee as piloat fan 'e RAF yn it krekt befrijde Rome, yn 1944.

Nei stasjonearrings yn Salisbury (no Harare), it Súdafrikaanske Durban en it Egyptyske Suëz, waard er ynset yn 'e Noardafrikaanske Kampanje, wêryn't de Britten en harren bûnsgenoaten it opnamen tsjin it Afrikakorps fan 'e Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel. Yn it lêst fan dy fjildtocht, yn Tuneezje, kaam Lee hast om doe't it fleanfjild fan it squadron dêr't er oan tafoege wie, bombardearre waard. Neitiid naam er diel oan 'e Alliëarde ferovering fan Sisylje, dêr't er malaria oprûn, en letter wied er belutsen by de Alliëarde ynfaazje fan Itaalje, dêr't er ûnder de slepende Slach om Monte Cassino taheakke waard oan 'e Nepaleeske Goerka's fan 'e Britsk-Yndyske 8ste Ynfanterydifyzje. Doe't er in pear dagen mei ferlof wie yn Napels, beklom er de fulkaan de Fesuvius, dy't trije dagen dêrnei útbarste.

Under de lêste dagen fan 'e Slach om Monte Cassino ûntsnapte Lee op 'e nij oan 'e dea doe't ien fan 'e fleantugen fan syn squadron by it opstiigjen delstoarte, en hy delknoffele boppe-op in op skerp steande bom. Nei ôfrin fan 'e slach, dy't útrûn op 'e befrijing fan Rome, besocht Lee dy stêd, dêr't er in moeting hie mei Nicolò Carandini, in neef fan syn memmes, dy't yn it Italjaanske ferset fochten hie. De lêste trijefearns jier fan 'e oarloch brocht Lee yn noardlik Itaalje troch. Nei eigen sizzen tsjinne er yn syn tiid yn Noard-Afrika ek in hoart by it Special Operations Executive (SOE) en de Long Range Desert Patrol, de foarrinner fan 'e hjoeddeiske kommando-ienheid SAS, mar dêroer hat er nea details jaan wold. Nei de Alliëarde oerwinning wied er fanwegen it feit dat er floeiend Frânsk en Dútsk spriek, belutsen by de opspoaring fan nazy-oarlochsmisdiedigers, oant er yn 1946 ôfswaaide mei de rang fan flight lieutenant (ekwifalint mei de rang fan kaptein yn 'e Keninklike Loftmacht).

Aktearkarriêre

Nei't er weromkeard wie nei Londen, koe Lee himsels net mear as kantoarklerk sjen, en in oanbod om 'e klassiken te ûnderwizen sloech er ôf om't er syn Latyn te roastich fûn. Uteinlik wie it syn efterneef Nicolò Carandini, dy't tsjin dy tiid de nije Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk wurden wie, dy't him oanrette om akteur te wurden. Carandini stjoerde him nei syn freon Filippo del Giudice, it haad fan 'e filmstudio Two Cities Films, en dy bea Lee in sânjierrich kontrakt oan. Lee makke syn debút as filmakteur yn 'e Goatyske românse Corridor of Mirrors, út 1947, dêr't er wolteld ien regel tekst yn hie. Syn "tiid as learjonge", sa't er it letter sels neamde, duorre tsien jier, wêryn't er meast ûnderstypjende rollen en eftergrûnpersonaazjes spile. Sa wie Lee û.m. te sjen (faak sûnder yn 'e begjintitels neamd te wurden) yn ferneamde films as Hamlet (1948), Captain Horatio Hornblower R.N. (1951), Quo Vadis? (1951) en Moulin Rouge (1952).

Lee as greve Dracula, yn 1958.

Yn 1957 spile Lee foar it earst yn in film foar de studio Hammer Film Productions, te witten The Curse of Frankenstein, as it Meunster fan Frankenstein. Dy rol late derta dat him in jier letter yn 'e film Dracula de titelrol oanbean waard. Dat wie sa'n súkses dat er neitiid almar wer yn deselde rol cast waard. Sa fertolke er de fampier greve Dracula yn 1965 op 'e nij yn Dracula: Prince of Darkness. Yn dy film seit Lee gjin wurd, mar sizet er allinnich mar. Sels woed er hawwe dat de tekst dy't foar him skreaun wie, fan sa'n minne kwaliteit wie dat er wegere hie om dy út te sprekken, mar senarioskriuwer Jimmy Sangster bewearde dat it skript nea tekst foar it personaazje fan Dracula omfetten hie. Lee sei ek dat Hammer him suver "sjantearre" om neitiid noch yn fierdere Dracula-films te spyljen, troch op him yn te praten en him foar te rekkenjen hoefolle minsken oft wurkleas wurde soene as hy, de stjer fan 'e filmrige, opstapte. Yn Dracula Has Risen from the Grave (1968), Taste the Blood of Dracula (1969) en Scars of Dracula (1970) hie Lee op 'e nij frijwol gjin tekst en ek los dêrfan net folle omhâns. Hy klage: "Se joegen my neat om te dwaan! Ik smeekte Hammer suver om my in diel fan 'e tekst brûke te litten dy't Bram Stoker skreaun hie. Ut en troch wist ik der sa'n tekstregel yn te smokkeljen." Nettsjinsteande Lee syn ûntefredenens wiene de films kommersjeel grutte súksessen, en makken se him ta in wiere filmstjer.

Christopher Lee en Peter Cushing yn Terror on the Shanghai Express, út 1973.

Tsjin 'e iere 1970-er jierren rekke de formule lykwols útwurke, en de beide foarlêste films fan 'e searje, Dracula A.D. 1972 (1972) en The Satanic Rites of Dracula (1973), brochten net folle jild mear yn 't laadsje. Tsjin dy tiid wie Lee sa dwers wurden dat er him op parsekonferinsjes iepentlik tsjin Hammer kearde. Neitiid makke de studio noch ien Dracula-film, The Legend of the 7 Golden Vampires (1974), mar dêr waard Lee net mear foar frege. Oare films dêr't Lee yn 'e 1950-er en 1960-er jierren yn meispile, wiene bgl. The Mummy (1959) en Raputin, the Mad Monk (1966), wêryn't er de titelrol fan Grigorij Raspûtin hie. Teffens died er trije Sherlock Holmes-ferfilmings: The Hound of the Baskervilles (1959), as sir Henry Baskerville, Sherlock Holmes and the Deadly Necklace (1962), as de grutte privee-detektive sels, en The Private Life of Sherlock Holmes (1970), as Holmes syn sels noch skranderder broer Mycroft. Teffens hied er in haadrol yn 'e Dútske (en Dútsktalige) film Das Rätsel der Roten Orchidee (1962). Hy die audysje foar The Longest Day (1962), oer de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje op D-Day, mar waard dêrfoar ôfwiisd om't er "der net útseach as in militêr".

Yn 'e 1970-er jierren spile Lee û.m. Jekyll en Hyde yn I, Monster (1971), Lord Summerisle yn The Wicker Man (1973), dat syn persoanlike leaflingsfilm wie, de greve fan Rochefort yn The Three Musketeers (1973) en yn it ferfolch dêrop The Four Musketeers (1974), en de hiermoardner Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun (1974). Fierders wurke er as ferteller-yn-byld sûnder euvelmoed mei oan 'e softcore-pornofilm Eugenie (1970): "Ik hie gjin idee dat dat wie wat it wie, doe't ik ôfspriek om 'e rol te dwaan. Se fertelden my dat it oer markys De Sade gie. Ik fleach nei Spanje foar ien dei wurk [...] Der wiene withoefolle lju efter my [yn byld]. Dy hiene allegear de klean oan. Der wie neat aparts of nuvers oan. In freon sei: 'Witst eins wol datst yn in film spilest dy't op Old Compton Street draait?' Dat wie yn dy tiid wêr't sokke lju har films besochten. 'Grappich, hear,' sei ik. Dat ik gloep dêrsanne hinne yn in swiere momkape mei in dûnkere sinnebril op en in sjaal om, en fûn de bioskoop en dêr stie myn namme. Ik wie poerlulk! Der folge in heechoprinnende rûzje. Doe't ik dy deis út Spanje ôfreizge wie, hie eltsenien efter my fuort de klean útdien!"

Lee op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Aubagne, yn 1996.

Behalven yn it Feriene Keninkryk spile Lee ek op 'e nij yn ferskate Dútsktalige films op it Jeropeeske fêstelân. Dêrnjonken wied er yn 1972 filmprodusint fan 'e horrorfilm Nothing But the Night; dat wurk hied er lykwols gjin aardichheid oan en sadwaande wie dat foar him ien kear mar nea wer. Yn 1977, doe't er der skjin syn nocht fan hie dat er yn syn heitelân almar wer typecast waard as de smjunt yn horrorfilms, ferfear Lee nei de Feriene Steaten. Syn earste Amerikaanske film wie de rampefilm Airport '77, dy't noch datselde jiers útkaam. Hy ferraste freon en fijân troch op útnûging mei te dwaan oan it komyske sketcheprogramma Saturday Night Live, op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dêr siet regisseur Steven Spielberg yn it publyk, dy't him op basis fan syn optreden dêre in rol taparte yn 'e komeedzje 1941 (1978).

Yn 'e 1980-er jierren spile Lee û.o. de rol fan in faksist dy't de Feriene Steaten ûntdwaan wol fan alle net-blanken yn The Return of Captain Invincible (1982). Ek wied er te sjen yn Howling II: Stirba – Werewolf Bitch (1985). Yn 1991 en 1992 spile er nochris de rol fan Sherlock Holmes yn Incident at Victoria Falls, resp. Sherlock Holmes and the Leading Lady. Yn Police Academy: Mission to Moscow (1994) fertolke er de rol fan in Russyske plysjekommandant. De kwalitatyf bêste rol fan syn karriêre fûn er sels dy fan Muhammed Ali Jinnah, de stifter fan Pakistan, yn 'e biografyske film Jinnah (1998).

Christopher Lee dielt hantekenings út, yn 2008.

Nei de milenniumwiksel wist Lee in hiel nij publyk te berikken mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman yn 'e Lord of the Rings-films: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001), The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) en The Lord of the Rings: The Return of the King (2003). Yn 'e lêste film ferskynde Lee trouwens inkeld yn 'e extended cut, mar net yn 'e bioskoopferzje. Yn deselde snuorje wied ek te sjen yn twa Star Wars-films: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Ek dêryn spile er in smjunt, nammentlik greve Dooku. Yn 'e âlderdom fan mear as tachtich jier die Lee it measte skermjen yn dy rol sels (dat hied er al leard oan it Wellington Kolleezje), mar foar de útzoomde bylden mei de enerzjikere aksje moast der in stunt double oan te pas komme. Oer it feit dat er gauris de smjunt spile, seid er sels: "Jawis, ik haw mear as genôch swiere jonges spile, mar sa't Anthony Hopkins seit: 'Ik spylje gjin smjunten, ik spylje minsken.'"

Neitiid wie Lee noch te sjen yn films as Sleepy Hollow (2005), Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street (2007), Triage (2009) en Hugo (2011). Ek yn 2011 wurke er mei oan 'e film The Hobbit: An Unexpected Journey, in prequel fan 'e Lord of the Rings-trilogy. Dêryn spile er nochris de tsjoender Saruman, mar no as in guodlik âldman, foàr't er troch de demon Sauron korrumpearre waard. Om't Lee op syn jierren net mear nei Nij-Seelân ta doarst te fleanen (dêr't de film opnommen waard), brocht regisseur Peter Jackson de filmset nei Lee ta, yn Londen.

Lee nimt de Spirit of Medal-priis yn ûntfangst, yn 2010.

Njonken syn filmwurk spile Lee yn syn karriêre ek in protte yn tillefyzjesearjes, lykas yn 1967 yn in ôflevering fan The Avengers (yn Nederlân op 'e tillefyzje brocht as "De Wrekers") en yn 1997 yn in BBC-ferfilming fan Ivanhoe. Op 'e Frânske tillefyzje spile er yn 1989 yn 'e rige La Révolution Française de rol fan Charles-Henri Sanson, de boal dy't sawol Loadewyk XVI as Maximilien de Robespierre ûnthalze. Fierders wie Lee ek in protte oan it wurk as stimakteur, sawol yn tekenfilms as yn kompjûter- en fideospultsjes. Yn 2011 krige Lee einlings en te'n lêsten de wichtichste Britske oeuvrepriis op it mêd fan film takend, de BAFTA Academy Fellowship Award. Lee hold oan mei aktearjen oan syn dea ta; in moanne foartiid hied er noch in kontrakt tekene om yn 'e Deenske film The 11th te spyljen.

Sjongkarriêre

Lee, mei syn djippe basstim, gie sjongen nea út 'e wei, mar pas op jierren ûntjoech er him ta in sjonger. Syn meast opfallende ierdere optreden op dat mêd wie syn rol yn 'e komeedzje anneks rockmusical The Return of Captain Invincible (1983), wêryn't er û.m. it nûmer Name Your Poison song. Syn earste kontakt mei it heavy metal-subsjenre fan 'e hardrock hied er yn 2004, doe't er mei de Italjaanske metalartyst Fabio Lione in duët song foar de single The Magic of the Wizard's Dream, fan it album Symphony of Enchanted Lands II fan 'e band Rhapsody of Fire.

Nei ferskate oare gearwurkings mei dy band brocht Lee yn 2010, yn 'e âlderdom fan 88 jier, syn earste eigen heavy metal-album út, mei as titel Charlemagne: By the Sword and the Cross. Dat waard yn metal-fermiddens mei loovjende kritiken ûntfongen, en itselde jiers noch bekroand mei de Spirit of Medal-priis op 'e Metal Hammer Golden Gods-seremoanje. Yn juny 2012 brocht Lee syn earste fideoklip út foar it nûmer The Bloody Verdict of Verden (oer it Bloedbad fan Verden).

Christopher Lee mei syn frou Birgit Krøncke, yn 2009.

Yn 2013, doe't er 91 wie, kaam Lee syn twadde heavy metal-album út: Charlemagne: The Omens of Death. Dêrmei hied er mei-iens it rekôr yn 'e hannen de âldste metalartyst út 'e skiednis fan it sjenre te wêzen. Yn desimber 2013 krong Lee mei 91 jier en seis moannen de hitlisten binnen (oant it 22ste plak) mei it nûmer Jingle Hell fan syn EP A Heavy Metal Christmas Too. Dêrmei wied er de âldste artyst dy't ea yn 'e hitlisten stien hie (it rekôr wie dêrfoar yn 'e hannen fan Tony Bennett, dy't itselde yn 2011 mei 85 jier lapt hie). Lee gie troch mei sjongen oant yn 2015, mei't er sei: "Ik wit net hoelang't ik der noch wêze sil, dus eltse dei moat fierd wurde en dat wol ik diele mei myn fans."

Priveelibben

Christopher Lee stie bekend om syn lingte fan 1.95 m, wêrmei't er boppe de measte minsken fan syn generaasje úttuorre. Hy spriek floeiend Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Italjaansk en Spaansk en koe him rêde yn it Sweedsk, Russysk en Gryksk. Yn in ynterview heakke er dêroan ta dat er in petear fiere koe yn it Mandarynsk. Hy wie in oanhinger fan 'e Britske Konservative Partij, en hie, oars as dat wol sein wurdt, net in grutte samling okkulte boeken.

Ein 1950-er jierren wie Lee ferloofd mei de Sweedske ealfrouwe Henriette von Rosen, dy't er met hie yn in Stokholmske nachtklub. Har heit, greve Fritz von Rosen, seach him lykwols as skoansoan net sitten, en kaam hieltyd mei nije easken om in houlik ûnmooglik te meitsjen. Earst moast der nei de ferloving in jier wachte wurde om te trouwen; doe hierde de man privee-detektives yn om Lee nei te gean; dêrnei moast Lee mei referinsjes op 'e lapen komme (dêrby ferwiisde Lee û.m. troch nei kollega-akteur Douglas Fairbanks jr.). Doe't der gjin lek of brek oan him bliek te wêzen, easke Von Rosen dat Lee foar it houlik de tastimming wûn fan 'e Sweedske kening Gustaaf VI Adolf. Tafalligerwize hie Lee de kening jierren tefoaren ris met op 'e set fan 'e film Tales of Hans Andersen, en wist er sadwaande de fereaske tastimming te bemachtigjen. Lykwols besleaten hy en Henriette neitiid dochs mar fan 'e hiele saak ôf te sjen (neffens Lee sels fanwegen de finansjele ûnwissichheid fan syn karriêre as akteur).

Yn 1960 kaam Lee fia-fia yn 'e kunde mei de Deenske keunstskilderesse (en it eardere model) Birgit "Gitte" Krøncke. Dat wie leafde op it earste gesicht, en se ferloofden har al koarte tiid letter. Se trouden op 17 maart 1961 en krigen ien bern, dochter Christina Erika Carandini Lee (1963), dy't yn 2001 troude mei Juan Francisco Aneiros Rodriguez.

Yn 1997 waard Lee beneamd ta kommandeur yn 'e Earbiedweardige Oarder fan Sint-Jan. As ûnderdiel fan 'e Queen's Birthday Honours waard er yn 2001 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). Yn 2009 waard er yn dyselde oarder ferheft ta ridder, wêrby't er riddere waard troch prins Charles. Normaal heart men dêrby del te knibbeljen, mar om syn hege jierren waard datoangeande foar Lee in útsûndering makke.

Ferstjerren

Mids 2015 waard Lee mei hertproblemen en swierrichheden op it mêd fan sykheljen opnommen yn it Chelsea and Westminster Hospital yn Londen. Sadwaande fierde er dêr op 7 juny fan dat jier yn besletten fermidden syn 93ste jierdei. Koart nei dy fiering, noch deselde deis, kaam Lee yn it sikehûs te ferstjerren. Syn frou hold it bekendmeitsjen fan syn dea tsjin oant 11 juny, sadat de famylje earst ynljochte wurde koe. De persize oarsaak fan Lee syn dea is ûnbekend.

Filmografy

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1948 Corridor of Mirrors Charles
1948 One Night with You Pirelli's assistint
1948 Hamlet skyldfeint net fermeld op 'e ôftiteling
1948 A Song for Tomorrow Auguste
1948 Penny and the Pownall Case Jonathan Blair
1948 My Brother's Keeper twadde plysjeman sênes fuortknipt by filmmontaazje
1948 Saraband for Dead Lovers figurant net fermeld op 'e ôftiteling
1948 Scott of the Antarctic Bernard Day
1949 Trottie True Bongo
1950 They Were Not Divided Chris Lewis
1950 Prelude to Fame sjoernalist
1951 Captain Horatio Hornblower R.N. Spaanske kaptein
1951 Valley of Eagles resjersjeur Holt
1951 Quo Vadis striidweinmenner net fermeld op 'e ôftiteling
1952 The Crimson Pirate Joseph net fermeld op 'e ôftiteling
1952 Top Secret Russyske spion
1952 Paul Temple Returns sir Felix Raybourne
1952 Babes in Bagdad slavekeapman
1952 Moulin Rouge Georges Seurat net fermeld op 'e ôftiteling
1953 Les Vacances de Monsieur Hulot ûnbekend as stimakteur; Frânsktalich; net fermeld op 'e ôftiteling
1953 Innocents in Paris luitenant Whitlock net fermeld op 'e ôftiteling
1954 Destination Milan Svenson
1955 Cross-Roads Harry Cooper koarte film
1955 That Lady kaptein
1955 Final Column Larry Spence op argyfbylden
1955 Man in Demand Martell op argyfbylden
1955 Contraband Spain n.f.t. ferteller; net fermeld op 'e ôftiteling
1955 The Dark Avenger lieder Frânske patrûlje yn herberge net fermeld op 'e ôftiteling
1955 The Cockleshell Heroes kaptein-luitenant-op-see Dick Raikes
1955 Alias John Preston John Preston
1955 Police Dog plysjeman Johnny
1955 Storm Over the Nile Karaga Pasja
1956 Private's Progress majoar Schultz net fermeld op 'e ôftiteling
1956 Alexander the Great Nectenabus as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1956 Port Afrique Franz Vermes
1956 Beyond Mombasa Gil Rossi
1956 The Battle of the River Plate Manolo
1957 Ill Met by Moonlight Dútsk ofsier by de toskedokter
1957 Fortune Is a Woman Charles Highbury
1957 The Traitor dr. Neumann
1957 The Curse of Frankenstein it Meunster fan Frankenstein
1957 Manuela ûnbekend as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1957 Bitter Victory sersjant Barney
1957 The Truth About Women Francois Thiers
1958 A Tale of Two Cities de markys fan St. Evremonde
1958 Dracula greve Dracula ek bekend as: Horror of Dracula
1958 Battle of the V-1 Brunner
1958 Corridors of Blood Resurrection Joe
1959 The Hound of the Baskervilles sir Henry Baskerville
1959 The Man Who Could Cheat Death Pierre Gérard
1959 The Treasure of San Teresa Jaeger
1959 The Mummy Kharis / de Mummy
1959 Uncle Was a Vampire baron Roderico da Frankurten
1960 Too Hot to Handle Novak
1960 The Two Faces of Dr. Jekyll Paul Allen ek bekend as: House of Fright en Jekyll's Inferno
1960 Beat Girl Kenny King ek bekend as: Wild for Kicks
1960 The City of the Dead perfester Alan Driscoll ek bekend as: Horror Hotel
1960 The Hands of Orlac Nero de Magiër
1961 The Terror of the Tongs Chung King
1961 Taste of Fear dr. Pierre Gerrard
1961 The Devil's Daffodil Ling Chu
1961 Ercole al Centro della Terra kening Licos Italjaansktalich; ek bekend as: Hercules in the Haunted World
1962 The Puzzle of the Red Orchid kaptein Allerman
1962 The Pirates of Blood River kaptein LaRoche
1962 The Devil's Agent baron Von Staub
1962 Sherlock Holmes and the Deadly Necklace Sherlock Holmes
1963 Stranglehold ûnbekend
1963 Katarsis Mephistoles
1963 La Vergine di Norimberga Erich Italjaansktalich; ek bekend as: The Virgin of Nuremberg of Castle of Terror
1963 La Frusta e il Corpo Kurt Menliff Italjaansktalich; ek bekend as: The Whip and the Body of Night is the Phantom
1964 Terror in the Crypt greve Ludwig Karnstein ek bekend as: Crypt of the Vampire en Crypt of Horror
1964 The Devil-Ship Pirates kaptein Robeles
1964 Il Castello dei Morti Vivi greve Drago ek bekend as: Castle of the Living Dead
1964 The Gorgon perfester Karl Meister
1965 Dr. Terror's House of Horrors Franklyn Marsh segmint Disembodied Hand
1965 She Billali
1965 The Face of Fu Manchu dr. Fu Manchu
1965 The Skull sir Matthew Phillips
1965 Ten Little Indians U.N. Owen as stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1966 Dracula: Prince of Darkness greve Dracula
1966 Rasputin, the Mad Monk Grigorij Raspûtin
1966 Circus of Fear Gregor ek bekend as: Psycho Circus
1966 The Brides of Fu Manchu dr. Fu Manchu
1967 Five Golden Dragons draak #4
1967 The Vengeance of Fu Manchu dr. Fu Manchu
1967 Night of the Big Heat Godfrey Hanson
1967 Theatre of Death Philippe Darvas
1967 Die Schlangengrube und das Pendel greve Frederic Regula / greve Von Andomai Dútsktalichl ek bekend as: The Blood Demon
1968 Eve kolonel Stuart ek bekend as: The Face of Eve
1968 The Devil Rides Out hartoch fan Richleau ek bekend as: The Devil's Bride
1968 The Blood of Fu Manchu dr. Fu Manchu
1968 Dracula Has Risen from the Grave greve Dracula
1968 Curse of the Crimson Altar Morley ek bekend as: The Crimson Cult
1969 The Castle of Fu Manchu dr. Fu Manchu
1969 The Oblong Box dr. J. Neuhart
1969 The Magic Christian fampier op it skip
1970 Scream and Scream Again Fremont
1970 Eugenie… The Story of Her Journey into Perversion Dolmance
1970 The Bloody Judge baron George Jeffreys ek bekend as: Night of the Blood Monster
1970 Count Dracula greve Dracula
1970 Taste the Blood of Dracula greve Dracula
1970 Julius Caesar Artemidorus
1970 One More Time greve Dracula cameo
1970 The Private Life of Sherlock Holmes Mycroft Holmes
1970 Scars of Dracula greve Dracula
1971 The House That Dripped Blood John Reid segmint Sweets to the Sweet
1971 Cuadecuc, Vampir greve Dracula / himsels
1971 I, Monster dr. Charles Marlowe / Edward Blake
1971 Hannie Caulder Bailey
1972 Umbracle De Man
1972 Dracula A.D. 1972 greve Dracula
1972 Horror Express sir Alexander Saxton
1972 Death Line agint Stratton-Villiers, MI5 ek bekend as: Raw Meat
1973 Nothing But the Night kolonel Charles Bingham
1973 The Creeping Flesh James Hildern
1973 The Satanic Rites of Dracula greve Dracula
1973 The Wicker Man Lord Summerisle
1973 The Three Musketeers Rochefort
1974 Dark Places dr. Mandeville
1974 The Four Musketeers Rochefort
1974 The Man with the Golden Gun Francisco Scaramanga James Bond-film
1975 Le boucher, la star et l'orpheline Van Krig / himself Frânsktalich
1975 Diagnosis Murder Stephen Hayward
1975 The Story of Heidi ûnbekend as stimakteur by Ingelske neisyngronisaasje
1976 Killer Force majoar Chilton ek bekend as: The Diamond Mercenaries
1976 To the Devil, a Daughter pastoar Michael Rayner
1976 Albino Bill ek bekend as: Whispering Death en Death in the Sun
1976 Dracula père et fils greve Dracula Frânsktalich; ek bekend as: Dracula and Son
1976 The Keeper de warder
1977 Airport '77 Martin Wallace
1977 Meatcleaver Massacre himsels ek ferteller; ek bekend as: Evil Force en Revenge of the Dead
1977 End of the World pastoar Pergado / Zindar
1977 Starship Invasions kaptein Rameses
1978 Circle of Iron Zetan ek bekend as: The Silent Flute
1978 Return from Witch Mountain Victor Gannon
1978 Caravans Sardar Khan
1979 The Passage Sigeuner
1979 Nutcracker Fantasy ferskaat as stimakteur
1979 Arabian Adventure Alquazar
1979 Jaguar Lives! Adam Caine
1979 Bear Island Lechinski
1979 1941 kaptein Wolfgang von Kleinschmidt
1980 Serial Luckman Skull
1980 Safari 3000 greve Borgia
1981 An Eye for an Eye Morgan Canfield
1981 Desperate Moves Carl Boxer
1981 The Salamander prins Baldasar
1982 The Last Unicorn kening Haggard as stimakteur
1983 House of the Long Shadows Corrigan
1983 The Return of Captain Invincible Mr. Midnight
1983 New Magic dhr. Kellar koarte film
1984 The Rosebud Beach Hotel Clifford King
1984 The Bengal Lancers! sir James Hunter
1985 Howling II: Your Sister is a Werewolf Stefan Crosscoe
1986 Jocks presidint White
1987 Mio min Mio Kato
1987 The Girl Peter Storm
1988 Dark Mission Luis Morel
1988 Mask of Murder haadynspekteur Jonathan Rich
1988 Olympus Force: The Key Filly
1989 The Return of the Musketeers Rochefort
1989 La Révolution française Sanson Frânsktalich; segmint Les Années Terribles
1989 La chute des aigles Walter Strauss Frânsktalich
1989 Murder Story Willard Hope
1989 Honeymoon Academy Lazos
1990 L'Avaro kardinaal Spinosi Italjaansktalich
1990 Gremlins 2: The New Batch dr. Catheter
1990 The Rainbow Thief omke Rudolf
1991 Kabuto kening Philip
1991 Curse III: Blood Sacrifice dr. Pearson ek bekend as: Panga
1991 Jackpot Cedric
1994 Funny Man Callum Chance
1994 Police Academy: Mission to Moscow kommandant Aleksandr Nikolajevitsj Rakov
1994 A Feast at Midnight V.E. Longfellow
1994 Flesh and Blood n.f.t. voice-over by in dokumintêre
1996 The Stupids Sender
1996 Welcome to the Discworld de Dea as stimakteur; koarte film
1998 Tale of the Mummy sir Richard Turkel
1998 Jinnah Muhammad Ali Jinnah
1999 Sleepy Hollow boargemaster
2001 The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring Saruman
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones greve Dooku / Darth Tyranus
2002 The Lord of the Rings: The Two Towers Saruman
2003 The Lord of the Rings: The Return of the King Saruman allinne yn 'e extended cut
2004 Crimson Rivers II: Angels of the Apocalypse Heinrich von Garten
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith greve Dooku / Darth Tyranus
2005 Charlie and the Chocolate Factory dr. Wilbur Wonka
2005 The Adventures of Greyfriars Bobby de Lord Provost
2005 Corpse Bride pastoar Galswells as stimakteur
2007 The Golden Compass lid Hege Ried
2008 Star Wars: The Clone Wars greve Dooku / Darth Tyranus as stimakteur
2009 Boogie Woogie Alfred Rhinegold
2009 The Heavy Mason
2009 Triage Joaquín Morales
2009 Glorious 39 Walter
2010 Alice in Wonderland Jabberwock as stimakteur
2010 Burke & Hare Joseph
2011 Season of the Witch kardinaal D’Ambroise
2011 The Resident August
2011 The Wicker Tree âldman
2011 Grave Tales himsels cameo
2011 Hugo monsieur Labisse
2012 Dark Shadows Silas Clarney
2012 The Hobbit: An Unexpected Journey Saruman
2013 Night Train to Lisbon pastoar Bartolomeu
2013 Extraordinary Tales n.f.t. ferteller; segmint The Fall of the House of Usher
2013 The Girl from Nagasaki Pinkerton
2013 Necessary Evil n.f.t. voice-over by in dokumintêre
2014 The Hobbit: The Battle of the Five Armies Saruman lêste rol yn in film dy't útkaam by syn libben
2015 Angels in Notting Hill God / de presidint postúm útkommen
2017 The Hunting of the Snark n.f.t. ferteller; koarte film; postúm útkommen
2018 The Time War n.f.t. ferteller; postúm útkommen
tillefyzje
1953–1956 Douglas Fairbanks, Jr., Presents ferskaat 13 ôfl.
1955 Moby Dick—Rehearsed toanielmaster / Flask tillefyzjefilm
1955 The Vise ferskaat 3 ôfl.
1955 Tales of Hans Anderson ferskaat 2 ôfl.
1956 Chevron of Fallen Stars gûverneur ôfl. Captain Kidd
1956 The Scarlet Pimpernel Louis ôfl. The Elusive Chauvelin
1956 Colonel March of Scotland Yard Jean-Pierre ôfl. At Night All Cats Are Grey
1956 Sailor of Fortune ferskaat 2 ôfl.
1956 The Adventures of Aggie ynspekteur Hollis ôfl. Cut Glass
1956–1957 Assignment Foreign Legion ferskaat 2 ôfl.
1957 The Errol Flynn Theatre ferskaat 4 ôfl.
1957 The Gay Cavalier kolonel Jeffries ôfl. The Lady's Dilemma
1958 OSS Dessinger ôfl. Operation Firefly
1958 Ivanhoe sir Otto ôfl. The German Knight
1958 White Hunter Mark Caldwell ôfl. This Hungry Hell
1959 The Adventures of William Tell prins Erik ôfl. Manhunt
1960 Tales of the Vikings Normandyske ridder ôfl. The Bull
1961 Alcoa Presents: One Step Beyond Wilhelm Reitlinger ôfl. The Sorcerer
1964 The Alfred Hitchcock Hour Karl Jorla ôfl. The Sign of Satan
1967 The Avengers perfester Stone ôfl. Never, Never Say Die
1969 The Avengers kolonel Mannering ôfl. The Interrogators
1969 Light Entertainment Killers ûnbekend tillefyzjefilm
1973 Poor Devil Lusifer tillefyzjefilm
1973 Orson Welles Great Mysteries Arnaud ôfl. The Leather Funnel
1976 Space: 1999 kaptein Zandor ôfl. Earthbound
1978 How the West Was Won de gruthartoch 2 ôfl.
1978 The Pirate Samir Al Fay tillefyzjefilm
1978 Saturday Night Live n.f.t. presintator; ôfl. Christopher Lee/Meat Loaf
1978 Captain America II: Death Too Soon Miguel tillefyzjefilm
1978 Once Upon a Spy Marcus Valorium tillefyzjefilm
1978 Charlie's Angels Dale Woodman ôfl. Angel in Hiding
1981 Evil Stalks This House gasthear tillefyzjefilm
1981 Goliath Awaits John McKenzie tillefyzjefilm
1982 Massarati and the Brain Victor Leopold tillefyzjefilm
1982 Charles & Diana: A Royal Love Story prins Philip tillefyzjefilm
1984 The Far Pavilions Kaka-ji Rao 3 ôfl.
1984 Faerie Tale Theatre kening Vladimir V ôfl. The Boy Who Left Home to Find Out About the Shivers
1986 Un métier du seigneur Fog Frânsktalige tillefyzjefilm
1986 The Disputation kening Jakobus fan Aragon tillefyzjefilm
1986 Shaka Zulu greve Bathurst 10 ôfl.
1989 Around the World in 80 Days Stuart 3 ôfl.
1990 The Care of Time Karlis Zander tillefyzjefilm
1990 Treasure Island Bline Pew tillefyzjefilm
1991 Sherlock Holmes and the Leading Lady Sherlock Holmes tillefyzjefilm
1992 Incident at Victoria Falls Sherlock Holmes tillefyzjefilm
1992 Beauty and the Beast monsieur Renard as stimakteur; tillefyzjefilm
1992 The Young Indiana Jones Chronicles Ottokar greve Czerin ôfl. Austria, March 1917
1992 Double Vision dhr. Bernard tillefyzjefilm
1993 Death Train generaal Konstantin Benin tillefyzjefilm
1995 The Tomorrow People Rameses 5 ôfl.
1995 Moses farao Ramses II tillefyzjefilm
1995 Tales of Mystery and Imagination n.f.t. presintator; 2 ôfl.
1996 Sorellina e il Principe del Sogno Azaret tillefyzjefilm
1997 Ivanhoe Lucas de Beaumanoir 4 ôfl.
1997 Soul Music de Dea as stimakteur; 7 ôfl.
1997 Wyrd Sisters de Dea as stimakteur; 6 ôfl.
1997 The Odyssey Tiresias 2 ôfl.
1997–1998 The New Adventures of Robin Hood Olwyn 6 ôfl.
2000 Gormenghast Flay 4 ôfl.
2000 In the Beginning farao Ramses I tillefyzjefilm
2000 Ghost Stories for Christmas M.R. James ôfl. The Stalls of Barchester
2001 Les redoutables de Dea Frânsktalich; segmint Confession
2005 Pope John Paul II kardinaal Stefan Wyszyński 2 ôfl.
2008 The Colour of Magic de Dea as stimakteur; 2 ôfl.
fideospultsjes
1994 Ghosts dr. Marcus Grimalkin / himself
1999 The Rocky Interactive Horror Show n.f.t. ferteller
2001 Conquest: Frontier Wars Anvil / haadkertier
2003 Freelancer ûnbekend
2003 The Lord of the Rings: The Return of the King Saruman
2004 EverQuest II Lucan D'Lere
2004 GoldenEye: Rogue Agent Francisco Scaramanga
2005 The Lord of the Rings: The Third Age Saruman
2005 The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth Saruman
2006 Kingdom Hearts II DiZ / Ansem de Wize
2006 The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth II Saruman
2007 Kingdom Hearts II Final Mix DiZ / Ansem de Wize op argyfbylden
2008 The Lord of the Rings: The Battle for
Middle-earth II: The Rise of the Witch-king
Saruman
2009 Kingdom Hearts 358/2 Days DiZ
2014 Lego: The Hobbit Saruman ek ferteller
2014 Kingdom Hearts HD 2.5 Remix DiZ / Ansem de Wize argyfbylden
2015 Deus Ex Machina 2 de programmeur ek ferteller

Bibliografy

  • 1966 – Christopher Lee's Treasury of Terror
  • 1974 – Christopher Lee's New Chamber of Horrors
  • 1975 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 1
  • 1976 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 2
  • 1977 – Tall, Dark and Gruesome (autobiografy; werprinte yn 1999)
  • 2004 – Lord of Misrule (autobiografy, op 'e nij besjoene en útwreide ferzje fan Tall, Dark and Gruesome)

Diskografy

albums
  • 1998 – Christopher Lee Sings Devils, Rogues & Other Villains
  • 2006 – Revelation
  • 2010 – Charlemagne: By the Sword and the Cross
  • 2013 – Charlemagne: The Omens of Death
extended plays
  • 2012 – A Heavy Metal Christmas
  • 2013 – A Heavy Metal Christmas Too
  • 2014 – Metal Knight
singles
  • 2012 – Let Legend Mark Me as the King
  • 2012 – The Ultimate Sacrifice
  • 2014 – Darkest Carols, Faithful Sing

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Kembali kehalaman sebelumnya