Chuck Deely
|
sjonger en/of muzikant
|
|
Chuck Deely yn De Haach
|
persoanlike bysûnderheden
|
echte namme |
Charles Edward Deely III
|
nasjonaliteit |
Amerikaansk
|
berne |
10 febrewaris 1954
|
berteplak |
Detroit
|
stoarn |
9 jannewaris 2017 (62 jier)
|
stjerplak |
De Haach
|
wurkpaad
|
sjenre |
bluesrock
|
sjongtaal |
Ingelsk
|
ynstrumint |
gitaar
|
prizen |
Haachske Poppriis
|
offisjele webside
|
(in) Profyl lastfm (in) IMDb-profyl
|
Chuck Deely, berne as Charles Edward Deely III (Detroit, 10 febrewaris 1954 - De Haach, 9 jannewaris 2017) wie in bekende Haachske strjitmuzikant fan Amerikaansk komôf.
Biografy
Yn 1973 kaam Deely yn tsjinst fan it Amerikaanske leger en bedarre sa op in legerbasis yn Dútslân. Dêr spile er in ferskate bands en kaam er yn 'e kunde mei syn earste frou mei wa't er yn Kopenhagen troude. It houlik duorre fiif jier. Deely moete letter in Nederlânske frou doe't er yn Spanje mei fakânsje wie en dêr ek optrede oan de Costa del Sol; sy krigen in ferhâlding en wennen byinoar. Chuck krige lykwols swierricheden mei syn fisum en ferfear nei Nederlân. Syn freondinne soe oerkomme, mar dat barde nea.
Sûnt 1996 spile er yn it sintrum fan De Haach, sân dagen yn 'e wike. Meastal wie er te finen yn de Vlamingstrjitte, op it Sintraal Stasjon (moarns ier), of siet er tsjin de muorre fan de Albert Heijn yn de Grote Marktstraat. Simmerdeis gie er ek de terrassen by del.
Yn 2005 makke it NCRV-programma Man Bijt Hond in twadielich portret fan Chuck Deely en yn 2009 wûn Chuck Deely de Haachske Poppriis.
Yn 2010 makke Ruben van Lingen, foar syn eineksamen oan de Willem de Kooning Akademy fan Rotterdam, de koarte dokumintêre "Privilege" oer it libben fan Chuck Deely. Dy film waard toand op it 'Nederlands Filmfestival' 2010 yn Utert en op it 'Shoot Me Film Festival' 2010 yn De Haach.
Deely spile ek ferskate kearen mei it Residinsje Orkest, bygelyks in strjitkonsert yn 2012, om him wat ekstra jild ta te krijen. It orkest naam ek in cd mei him op.
Chuck Deely spile op gitaar en hie in rauwe, roastige stim, dy't jin tinken die oan it lûd fan Bob Dylan en Neil Young. Hy wiksele covers fan ûnder oaren de The Rolling Stones en Crosby, Stills, Nash & Young ôf mei eigen wurk.
Chuck Deely stoar yn de âldens fan 62 jier yn it Haachske sikehûs HMC Westeinde oan in longûnstekking. Yn oerlis mei in broer fan Deely yn de Feriene Steaten waard er kremearre en waard de jiske byset yn it grêf fan Deely's âlden en broer op it Holy Sepulchre Cemetery yn Southfield, Michigan. In pear hûndert Hagenezen namen ôfskied fan Deely yn it poppoadium Paard van Troje yn De Haach.[1]
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes