In dak is it boppeste diel fan in gebou of in oar bouwurk (lykas in carport of in weranda), dat bedoeld is om beskutting te bieden tsjin fleanend dierte en tsjin waar (yn 't bysûnder tsjin delslach, wyn, kjeld en sinneljocht). Under de term 'dak' wurdt ornaris sawol ferstien de eigentlike ôfdekking fan in bouwurk as it ramtwurk dat dy ôfdekking ûnderstipet. It krekte arsjitektoanyske ûntwerp fan in dak ferskilt fan gebiet ta gebiet, en hinget net inkeld fan 'e yn sa'n regio tradisjoneleboustyl ôf, mar wurdt ek sterk beynfloede troch de pleatslike klimatologyske omstannichheden en de beskikbere boumarialen.
Der besteane ferskate soarten dakken, dy't yn it foarste plak yndield wurde kinne nei foarm:
plat dak: in horizontaal ôfplatte dak, dat faak berikber is fia in treppen en yn gebrûk is foar it drûgjen fan wask, sinnebaaien of it oanlizzen fan in daktún
sealdak (of seal): in dak besteande út twa skeane flakken (of dakskylden), dy't yn 'e midden op it heechste punt (in line: de naal) gearkomme
skylddak (of wulfdak, wolvedak): in dak besteande út fjouwer skeane flakken (of dakskylden), dy't op it heechste punt gearkomme