De Falom is yn de 16e iuw ûntstien as feankoloanje, in delsetting foar feanarbeiders. De Falomsterfeart waard doe groeven om de ôfgroeven turf ôf te fieren. De feart wie ek om oerstallich wetter ôf te fieren. Om tsjin te gean dat der sâlt wetter, dat yn it gebiet beëasten De Falom stie, [boarne nedich] troch de feart yn it grûnwetter komme soe, waarden der plannen makke om in slûs yn de feart te meitsjen. Troch jildpine kaam dy der net, wol waard der in overtoom oftewol in falom oanlein: in konstruksje om in skip oer lân fan it iene farwetter yn it oare te lûken. Sa waard it swiete en it sâlte wetter skieden holden. De Falom soe dêrtroch syn namme krigen hawwe. Nammekundigen ûntstride lykwols de krektens fan dy ferklearring.[3]
Sûnt 1964 is De Falom in selsstannich doarp. Dêrfoar wie it in buorskip fan it eardere Moarrewâld.
It doarp hat in Feriening Doarpsbelang. De Falom en Broeksterwâld dogge in soad meiïnoar. Sa stiet it doarpshûs 'De Pipegaal' fan De Falom oan de ds. Feitsmastrjitte yn Broeksterwâld.
Rinewâl - fytspaad bylâns de Falomster Feart. De wurden ‘rien' en 'ryn' binne nammen foar wetter dat yn beweging is.
Natoer
Súdeastlik fan it doarp leit oan de grins mei Feanwâlden de Houtwiel, in gebiet mei plassen en reitfjilden. De grins fan De Falom mei it doarpsgebiet fan Feanwâlden wurdt foarme troch de Goddeleaze Singel, in lokaasje dêr't ferskillende spûkferhalen oer besteane. It gebiet is relatyf ryk oan reiddompen. Yn it natoergebiet stiet tichteby de singel in tsjasker, dy't yn 2017 stikken waaide en yn 2019 wer nij boud is.[4] By de brêge oer de Falomster Feart stiet it Goddeleaze Tolhûs. De Goddeleaze Singel foarmet ûnderdiel fan it Bonifatius Kleasterpaad.[5] Yn it ramt fan de oanlis fan de Sintrale As is it gebiet súdlik fan de Falomster Feart ek werynrjochte as natoergebiet, dat no de Houtwiel ferbynt mei de Sweager Mieden.[6]