De Etrusken, ek Tyrrenen neamd (dêrfandinne de Tyrreenske See) wienen yn de Aldheid ynwenners fan Etruerje. Sy sprutsen in net-Yndogermaanske taal dy't noch net ûntsifere is. Bloeitiid fan harren kultuer wie tusken de 8e iuw f.Kr. oant 1e iuw f.Kr. De Etrusken waarden yn 280 f.Kr. troch de Romeinen ferslein en ûnderwurpen, mar hawwe in soad ynfloed útoefene op de Romeinske kultuer Sy wienen benammen masters yn de edelsmeikeunst.