Hy studearre rjochten oan 'e Universiteit Leien. Nei syn stúdzje gong er oant wurk yn Rotterdam op in abbekatekantoar. Yn 1916 debutearre er mei de dichtbondelPaddestoelen ûnder pseudonym fan Ton Ven, dat er letter noch in stikmannich kearen brûkt hat.
Bordewijk wie aktyf yn it keunstnersferset. Syn hûs waard oan 'e ein fan de oarloch ferwoaste troch it bombardemint op it Bezuidenhout. Dêrby gie syn mânske bibleteek ferlern.
Yn de jierren sechtich hawwe in protte nije strjitten yn Den Haach de namme Bordewijk krigen, wêr't de Dreven en de Steden ûnder binne.
Hjoed-de-dei
Bordewijks hiel eigen tematyk en styl makken dat er net in soad neifolge waard. Syn wurk wurdt noch in betreklik protte lêzen. Dat docht bliken út de goed tritich werprintingen yn de perioade 2000-2015 en út fertalingen yn it Italiaansk, Ingelsk, Dútsk, Turksk en Slowaaksk.[1] Yn 2014 waard it Bordewijkgenoatskip oprjocht, dat aktiviteiten om de fyftichste stjerdei fan Bordewijk hinne yn 2015 organisearre.[2]
Nammen
De nammen dy't er brûkt yn syn romans falle tige op. Yn Bint komt it folgjende riichje foar: Peert – Kiekertak – Bolmikolke – Klotterbooke – Taas Daamde – Whimpysinger – De Moraatz – Van der Karbargenbok – Surdie Finnis - Schattenkeinder. Inkelde nammen út Karakter: Dreverhaven – Katadreuffe – Stroomkoning – Te George – Rentenstein – De Gankelaar. Yn Blokken dizze nammen: Glüschaint - De Marcas - Tannenhof - Tekalopte - Ypsilinti. Al dizze nammen hat er gewoan út it tillefoanboek helle.