Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Frans Kellendonk

Frans Kellendonk
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Franciscus Gerardus Petrus Kellendonk
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 jannewaris 1951
berteplak Nymwegen
stoarn 15 febrewaris 1990
stjerplak Amsterdam
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, koart ferhaal
bekendste
  wurk(en)
Mystiek lichaam

Franciscus Gerardus Petrus (Frans) Kellendonk (Nymwegen, 7 jannewaris 1951Amsterdam, 15 febrewaris 1990) wie in Nederlânsk skriuwer en oersetter.

Libben

It tydskrift De Revisor wie Kellendonks literêre widze. Fan 1978 oant 1983 wie hy haadredakteur fan dit blêd. Hy debutearre yn maaie 1977 mei de ferhalebondel Bouwval dêr't er de doe krekt ynstelde Anton Wachterpriis foar krige. De roman Mystiek Lichaam (1986) is syn súksesfolste wurk. It boek krige in soad lof en waard bekroane mei de Ferdinand Bordewijk Priis en nominearre foar de AKO Literatuerpriis, mar Kellendonk waard ek beskuldige fan antisemitisme en homofoby nei oanlieding fan dit wurk. Yn homoseksuele fermiddens, Kellendonk wie ek homoseksueel, wie Kellendonks fyzje op de "sterile libbensstyl" fan homo's in striidkwestje. Kellendonk ferwarde him tsjin dy krityk mei it klassike argumint dat in skriuwer net ferantwurdlik holden wurde kin foar tinkbylden fan syn romanpersonaazjes.

Kellendonks stilistyske betûftens stie bûten kiif; syn kultuerkrityk waard lykwols faak ferhune. Kellendonks fermiend neo-konservative wrâldbyld, mei in herwurdering fan tradisjonele wearden, wie net yn de moade yn de jierren 80 yn Nederlân.

Kellendonk hearde ta de generaasje fan A.F.Th. van der Heijden en Oek de Jong. Mystiek lichaam befêstige syn plak yn de Nederlânske literatuer. Al foar't it boek útkaam oppenearre de sykte Aids him by Kellendonk. In boek oer de affêre-Kerwin Duinmeijer, dat er oant tarieden wie, is dêrom nea ôfmakke.

Bibliografy

eigen wurk
  • 1977 - Bouwval. Novelle.
  • 1979 - De nietsnut: een vertelling. Novelle.
  • 1982 - Letter en geest: een spookverhaal. Roman
  • 1983 - Namen en gezichten. Ferhalen.
  • 1986 - Mystiek lichaam: een geschiedenis. Roman.
  • 1988 - Geschilderd eten: over Vondels Altaergeheimnissen.
  • 1989 - De halve wereld. Reportaazjes.
  • 1992 - Het complete werk.
oer Kellendonk
  • 2018 - Jaap Goedegebuure, Kellendonk. Een biografie, Querido

Earste sin

De earste sin út Kellendonks debút, Bouwval:

'In pear moanne nei't syn âlden besletten hiene om âld te wêzen en beide tagelyk harren tosken lûke litten hiene seach de kroanprins it skilderij foar it earst.'

Keppeling om utens

Kembali kehalaman sebelumnya