Om't de fangst net bedjerre mocht, waarden de garnalen earst sean en dêrnei drûge. It drûgjen barde yn 't earstoan troch se yn 'e sinne út te lizzen op 'e seedyk, mar letter kaam der in masinale drûgerij yn Sâltkamp. Nei't der in koöperaasje oprjochte wie, krige Moddergat yn 1924[1] in eigen drûgerij in eintsje bûten it doarp. Lytse boatsjes hellen de fangst op en dan waard it oer de dyk nei it fabryk ta brocht. De garnalen waarden sortearre op in apart terrein en dan sean yn grutte tsjettels. It drûgjen barde op grutte perforearre platen dêr't drûge lucht ûndertroch blaasd waard. De garnalen moasten dêrby wol hieltyd keard wurde. Nachts waard der trochwurke yn in ferskuorrende stank. Dêrnei waarden de garnalen yn jutesekken dien. Yn 1930 bliek it fabryk te lyts en waarden der oerkapings oan 'e bûtenkant oanboud.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch rûn de fiskerij efterút, en ek waarden de jutesekken te djoer, wie it transport lestich en mochten der fan 'e Dútske besetter allinnich noch garnalen oanfierd wurde oer de Dokkumer Nije Silen. Nei de oarloch kaam it net wer goed mei it garnalefabrykje, dat ynhelle waard troch de tiid. Dat wie benammen debet oan 'e lizzing by Moddergat, dy't foar produsint en ôfnimmer oer gewoan te ûngeunstich wie. Sadwaande waard yn 1947 de koöperaasje opheft en it fabryk ferkocht. Lang stie it gebou dêrnei leech.
Fan 2011 oan mids 2014 waard op 'e werf fan it Garnalefabryk de âlde rêdingboat fan Moddergat, de L.A. Buma III, restaurearre. It kasko waard kocht troch Stifting It Fiskershúske, dy't sels it restauraasjebedrach fan €350.000 ek byinoar wist te swyljen. De boat wurdt sûnt brûkt foar demonstraasjes.[2]