Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 2.149.057 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en in oerflak fan 5.136 km². De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nijmegen. De lytsere stêden fan betsjutting binne Apeldoarn, Sutfen, Hurderwyk, Tiel en Doetinchem.
Geografy
De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten leit de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.
Gelderlân kin geakundich yn de neikommende regio's opdield wurde: de Feluwe, de Gelderske Fallei, de Betuwe, de Liemers it Ryk fan Nimwegen en de Achterhoeke. De grutste rivier is de Ryn. Yn Gelderlân ûntspringe fanút de Ryn de Waal en de Isel. De Maas is de grinsrivier mei Noard-Brabân. De heuvel Signaal Imbosch is mei 109,9 meter it heechste punt fan 'e provinsje.
Untwikkeling ynwennertal
- 1850 – 365.000
- 1900 – 567.000
- 1960 – 1.267.000
- 1980 – 1.694.000
- 2000 – 1.919.000
- 2020 – 2.086.000
- 2023 – 2.134.000
Gemeenten
Gelderlân bestiet sûnt 2019 út 51 gemeenten.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|