Hermann debutearre as striptekener yn 1964 by de studio fan Greg. Yn 1966 begûn er mei de rige Bernard Prince te tekenjen (letter oernaam troch Dany) neffens in senario fan Greg, yn it eartiidske tydskrift Kuifje. Yn 1969 begûn er mei it meitsjen fan de western-rige Comanche, allyksa op senario's fan Greg. Dizze rige heart krekt as oare western-riges lykas Blueberry ta de stripklassikers.
Sûnt 1977 makket Hermann meastal stripferhalen op senario's dy't er sels skriuwt. Op dit stuit is dat de rige Jeremiah dy't noch altiten rint en sûnt 1983 in oare yn de Midsiuwen situearre rige De tuorren fan Skimerwâlde, allegearre aksjestrips.
Besiden boppesteande riges hat Hermann ek in oantal grafyske novelles makke.