In Hynstetram is in tram dy't lutsen wurdt troch hynstetraksje. Ofhinklik fan de grutte fan de wein steane der ien of twa hynders foar.
De hynstetram is yn de 19e iuw ûtstien út de omnibus, dy't gebrûkt meitsje moast fan faak minne diken. It reizgerskomfort fan de tram wie in stik better omdat dy op rails ried.
Tusken 1920-1929 makke de autobus bot opgong en dat betsjutte de ein fan de measte hynstetrams. De lêste hynstetram yn Nederlân ried yn 1930 tusken Makkum en Harkesyl yn Fryslân.