Ferrer waard yn 1927 berne yn in nachtclub yn it doarpke San Luis by Santiago de Cuba. Hy begûn syn karriêre op syn 14e. Yn de jierren 50 song hy yn it Pacho Alonso's orkest yn Havana. Hy bleaun mear as 20 jier oan dy groep ferbûn. Undertusken wie Ferrer gastsjonger by Kubaanske legindes as Orquesta de Chepin en Beny Moré.
Yn it begjin fan de 90-er jierren luts Ferrer him werom út de muzyk. Hy hie in lyts steatspinsioen dat hy oanfolde troch op strjitte as skuonpoetser te wurkjen. Yn 1997 kaam hy wer foar it ljocht as sjonger. Hy makke doe mei de Afro-Cuban All Stars syn opnamedebút mei it album "A Toda Cuba Le Gusta".
Yn 1999 makke Ferrer syn solo-debút mei it album "Buena Vista Social Club Presents Ibrahim Ferrer". Ek op dat album is hy tegearre mei Omara Portuondo te hearren. It levere him yn 2000 op syn 73ste in Latin Grammy op foar de bêste "nije" artyst.
Diskografy
Buena Vista Social Club Presents... (1999)
Mi Oriente (1999) - kompilaasje
Tierra Caliente: Roots of Buena Vista (2000) mei Los Bocucos
Mis Tiempos Con Chepin (2002)
Chepin Y Su Orquesta Oriental (2002)
La Coleccion Cubana (2002)
Buenos Hermanos (2003)
Que Bueno Esta (2004)
Ay Candela (2005) - kompilaasje
Ibrahim Ferrer is ek te hearren op:
Afro-Cuban All Stars - A Toda Cuba le Gusta (1997)