In iepenbier akwarium of publyk akwarium is in type dieretún (of in ûnderdiel fan in 'gewoane' dieretún) dat spesjalisearre is yn it toanen fan bisten en planten dy't ûnder wetter libje. Dêrta is sa'n bedriuw tarist mei teminsten ien, mar ornaris in stikmannich akwaria: grutte bakken mei wetter wêryn't de bisten en planten libje, mei teminsten ien trochsichtige kant, dêr't it publyk troch nei binnen sjen kin. Yn iepenbiere akwaria wurde oer it algemien gruttere bisten holden as men by minsken thús yn in privee-akwarium sjocht. Dêrby giet it om fisken (lykas haaien en roggen), mar ek om wringeleazen, amfibyen, akwatyske reptilen (lykas skylpodden), otters, pinguïns en seesûchdieren (lykas seehûnen, seeliuwen en dolfinen). In iepenbier akwarium wêryn't dolfinen of oare walfiskeftigen holden wurde, hjit in dolfinarium.