Curtis is in dochter fan de akteurs Tony Curtis en Janet Leigh. Har earste film betsjutte fuortendaliks har trochbraak: Halloween, 1978. Curtis spile letter ek yn koartswilige films, bygelyks as Ophelia yn Trading Places (mei Eddie Murphy en Dan Aykroyd) en yn A Fish Called Wanda, as minnares fan John Cleese. Mar dan yn 1985 wer yn in romantyske dramafilm Perfect mei John Travolta. Nei Halloween II hat hja dy rige earst farwol sein, mar 17 jier letter wie se wol wer ree foar de rol fan Laurie Strode yn wilens it sânde part fan Halloween, Halloween H20: 20 Years Later. De makkers fan Scream 3 (2000) hawwe noch besocht om Curtis oer te heljen foar in gastoptreden yn harren film, mar dit oanbod hat hja ôfslein. Yn Halloween: Resurrection (2002) wie sy wol wer mei yn de kompe.
Op 18 desimber 1984 troude Curtis mei akteur Christopher Guest. Sy adoptearren yn 1986 in famke Annie en yn 1996 soan Thomas. Doe't Guests heit yn 1996 kaam te ferstjerren, erven hy en syn frou de titel fan baron en barones.