Hy wie de soan fan karmaster fan slachtfee Arnoldus Sikkel en winkelfrou Annetta Carolina fan Ellekom. Sikkel sels wie troud mei Kristine Odink (fan 1883 oant har dea yn 1895) en har suster Hendrina Elisabeth Odink (sûnt 1896). Dochter Hendrina Elisabeth Sikkel út it earste houlik, troude mei politikus Piter Sjoerds Gerbrandy. Soan Nico Sikkel út it twadde houlik waard fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch.
Sikkel wie herfoarme - en letter grifformeard predikant yn Hilaard. Hy wie in foaropman by de Doleânsje yn Fryslân en redakteur fan it Friesch Kerkblad.
Letter waard er grifformeard predikant yn De Haach en Amsterdam. Hy hat boeken, artikelen en brosjueres oer teologyske-, sosjale- en didaktyske problemen skreaun. Wie pleiter foar kristlike bedriuwsorganisaasje.