Kevin Sorbo (folút: Kevin David Sorbo ; Mound (Minnesota ), 24 septimber 1958 ), is in Amerikaansk akteur , regisseur , film - en tillefyzjeprodusint en autobiografysk skriuwer , dy't benammentlik bekend wurden is troch syn titelrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys en troch syn rol as kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda .
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Sorbo waard yn 1958 berne yn Mound , yn 'e Amerikaanske steat Minnesota , as de soan fan Ardis Sorbo, in ferpleechkundige , en dy syn frou Lynn, in wiskunde - en biologyleararesse . Syn famylje is fan Noarsk komôf , mei dêropta noch wat Ingelsk , Dútsk en Skotsk bloed, en hy is luthersk grutbrocht.
Kevin Sorbo yn 2008 .
Sorbo folge de middelbere skoalle oan 'e Mound Westonka High School en studearre dêrnei marketing en reklamekunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Minnesota te Moorhead . As bybaantsje begûn er ûnder syn stúdzje as model . Fia dat wurk rekke er min ofte mear by fersin oan it aktearjen , begjinnende yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren mei in stikmannich gastroltsjes op 'e tillefyzje , û.o. yn 'e soapsearje Santa Barbara , de detektivesearje Murder, She Wrote en de plysjesearje The Commish .
Aktearkarriêre
Sorbo wie gadingmakker foar de rol fan Superman yn 'e tillefyzjesearje Lois and Clark: The New Adventures of Superman , dy't úteinlik nei Dean Cain gie, en ek foar de rol fan Fox Mulder yn The X Files , wêrfoar't úteinlik David Duchovny oannommen waard. Mar yn 1994 krige er bekendheid mei in fiiftal súksesfolle tillefyzjefilms wêryn't er de held en healgod Herkules (of Hearakles) út 'e Grykske mytology spile: Hercules and the Amazon Women , Hercules and the Lost Kingdom , Hercules and the Circle of Fire , Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur .
Dy fiif tillefyzjefilms tsjinnen as pilotôfleverings foar de fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys , dy't fan 1995 oant 1999 rûn, en dêr't Sorbo withoe populêr mei waard. Hy spile Herkules ek ferskate kearen yn in gastrol yn 'e spin-off -searje Xena: Warrior Princess , mei de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless yn 'e titelrol. Yn 1998 wurken Sorbo en Lawless beiden as stimakteurs mei oan 'e direkt-op-fideo útbrochte animaasjefilm Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus . Behalven as akteur wie Sorbo by inkele ôfleverings fan Hercules: The Legendary Journeys ek belutsen as regisseur .
Kevin Sorbo yn 2013 .
Yn 1997 hie Sorbo de haadrol yn 'e fantasyfilm Kull the Conqueror , nei de ferhalen oer de held Kull fan Atlantis út it wurk fan Robert E. Howard . Fan 2000 oant 2005 spile er fierders kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda , dêr't er ek útfierend produsint fan wie. Hy hie gastrollen yn 'e komeedzjesearjes Just Shoot Me! , Dharma & Greg , According to Jim en Two and a Half Men en in weromkearende rol yn 'e dramasearje The O.C. Ek wie Sorbo te sjen as Nick Prescott yn 'e film Walking Tall: The Payback , út 2007 , dy't it ferfolch wie op Walking Tall út 2004 . Hy spile deselde rol jitris yn Walking Tall: Lone Justice , ek út 2007 . Dat jiers wied er ek te sjen as de predikant yn 'e tillefyzjefilm Avenging Angel .
Yn 2008 hie Sorbo in lyts roltsje yn 'e filmparody Meet the Spartans , en yn 2010 spile er yn 'e science fiction -fampierefilm Tales of an Ancient Empire . Yn 2012 wied er foar it earst as útfierend produsint belutsen by in filmproduksje, te witten Abel's Field , dêr't er ek de titelrol yn spile. Datselde jiers die Sorbo mei oan in ôflevering fan 'e searje Celebrity Ghost Stories , wêryn't er fertelde dat hy en syn doetiidske faam koart nei syn ôfstudearjen yn Minnesota it spûk fan 'e Breid fan White Rock Lake sjoen hiene, in frou dy't neffens de pleatslike folkloare op har houliksdei fermoarde wie troch in eardere minner .
Yn 2013 wiene Sorbo en syn frou Sam allebeide as stimakteurs belutsen by it fideospultsje Cloudberry Kingdom . Yn 2014 spile er yn 'e film God's Not Dead in ateïstyske heechlearaar dy't syn eigen opfettings oan syn studinten besiket op te kringen. Datselde jiers wie Sorbo foar it earst yn 'e rol fan 'e tsjoender Gojun Pye te sjen yn 'e fantasyfilm Mythica: A Quest for Heroes . Dyselde rol fertolke er noch fjouwer kear, yn Mythica: The Darkspore (2015 ), Mythica: The Necromancer (2015 ), Mythica: The Iron Crown (2016 ) en Mythica: The Godslayer (2016 ). Yn 2017 spile Sorbo de rol fan kening Lar Gand fan Daxam yn 'e searje Supergirl , mei as tsjinspylster Teri Hatcher as keninginne Rhea. De earste film dy't Sorbo sels regissearre , it kristlike drama Let There Be Light , kaam ek yn 2017 út.
Kevin Sorbo yn 2020 .
Priveelibben
Sûnt 5 jannewaris 1998 is Sorbo troud mei aktrise Sam Jenkins , dy't er in jier earder met hie doe't se in gastrol yn Hercules: The Legendary Journeys hie. Mei har hat er trije bern : Braedon Cooper Sorbo (2001 ), Shane Haaken Sorbo (2004 ) en Octavia Flynn Sorbo (2005 ).
Yn 1997 ûntwikkele Sorbo in aneurisma yn syn skouder , dêr't er trije oerhalen efterinoar fan krige. Fan gefolgen wie syn sûnens de earstfolgjende jierren swak, mar dat hold er geheim foar it publyk . Dit wie ek de reden dat yn 'e beide lêste seizoenen fan Hercules: The Legendary Journeys (1998 en 1999 ), om Sorbo te ûntsjen, de rol fan Herkules wat belytse waard en der mear en gruttere gastrollen tafoege waarden. De oerhalen waarden nei alle gedachten feroarsake troch it loslitten fan bloedpropkes út it aneurisma, doe't Sorbo sûnder euvelmoed foar in sear skouder nei de fysioterapeut gie. Se makken dat er foargoed 10% fan syn gesichtsfermogen ferlear, him lange tiid slop fielde en lykwichtssteurings en migrênes hie. Yn syn autobiografy True Strength , dy't yn 2011 útkaam, brocht Sorbo dit allegear foar it earst út, en dêryn fertelde er ek hoe't syn nije frou Sam him holpen hie om wer op te betterjen.
Yn 2013 krige Sorbo de Public Leadership in Neurology Award fan 'e Amerikaanske Akademy foar Neurology en de Amerikaanske Harsensstifting foar syn krewearjen om it algemien bewustwêzen oangeande oerhalen te ferbetterjen. Datselde jiers ûntfong er ek de Inspiration Honors Award fan 'e Feriening foar Unsichtbere Beheinings .
Op polityk mêd wie Sorbo foarhinne moderaat, mei't er sei dat er sawol op 'e Republikein Ronald Reagan as op 'e Demokraat Bill Clinton stimd hie. Yn 'e 2010-er jierren oppenearre er him lykwols as in oanhinger fan Donald Trump en in fersprieder fan 'e ûntkrêfte gearspanningsteory dat de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal troch Trump-oanhingers, op 6 jannewaris 2021 , útfierd wie troch progressiven om Trump en syn efterban te belasterjen .
Filmografy
Filmografy as akteur
jier
titel
rol of funksje
opmerkings
tillefyzje
1988
1st & Ten
Barry
gastrol ; ôfl. ...The Clock Runs Out
1991
Santa Barbara
pakjesbesoarger
gastrol; 1 ôfl.
1992
Cheers
?
gastrol; ôfl. License to Hill
1992
Condition: Critical
dokter Thaddeus Kocinski
tillefyzjefilm
1993
Murder, She Wrote
Michael Burke
gastrol; ôfl. A Virtual Murder
1993
The Commish
Mark
gastrol; ôfl. Dying Affection
1994
Hercules and the Amazon Women
Herkules
tillefyzjefilm
1994
Hercules and the Lost Kingdom
Herkules
tillefyzjefilm
1994
Hercules and the Circle of Fire
Herkules
tillefyzjefilm
1994
Hercules in the Underworld
Herkules
tillefyzjefilm
1994
Hercules in the Maze of the Minotaur
Herkules
tillefyzjefilm
1995–1999
Hercules: The Legendary Journeys
Herkules
fêste rol ; 111 ôfl.; ek regisseur fan ôfl. 2.17 en 3.20
1995
Cybill
Rick
gastrol; ôfl. The Last Temptation of Cybill
1995–2000
Xena: Warrior Princess
Herkules
gastrol; 2 ôfl.
1998
Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus
Herkules
as stimakteur
1999
Just Shoot Me!
Scott
gastrol; ôfl. An Axe to Grind
2000–2005
Andromeda
kaptein Dylan Hunt
fêste rôl; 110 ôf.; ek útfierend produsint
2001
Dharma & Greg
Charlie
weromkearende rol ; 4 ôfl.
2003
According to Jim
Darryl Buckner
gastrol; ôfl. The Pass
2004
Hope & Faith
Kenny
gastrol; ôfl. Mismatch
2005
Love, Inc.
pastoar John
gastrol; ôfl. Amen
2006
Two and a Half Men
Andy
gastrol; ôfl. Always a Bridesmaid, Never a Burro
2006
Last Chance Café
Chance Coulter
tillefyzjefilm
2006–2007
The O.C.
Frank Atwood
weromkearende rol; 7 ôfl.
2007
Avenging Angel
predikant
tillefyzjefilm
2007
Psych
Byrd Tatums
gastrol; ôfl. Bounty Hunters!
2007
Something Beneath
pastoar Douglas Middleton
tillefyzjefilm
2008
Never Cry Werewolf
Redd Tucker
tillefyzjefilm
2008
The Middleman
Guy Goddard
gastrol; ôfl. The Obsolescent Cryogenic Meltdown
2009
Gary Unmarried
Larry
gastrol; ôfl. Seven
2009
Lightning Strikes
Ted Bradly
tillefyzjefilm
2009–2010
Super Hero Squad Show
Ka-Zar
as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009
Wolf Canyon
Rick / sheriff Wolf
tillefyzjefilm; ek útfierend produsint
2010
Hawaii Five-0
Carlton Bass
gastrol; ôfl. Ko'olauloa
2010
The Santa Suit
Drake Hunter / de Krystman
tillefyzjefilm
2011
Flesh Wounds
ynspekteur Tyler
tillefyzjefilm
2011
The Guild
himsels
gastrol; ôfl. Social Traumas
2012
Don't Trust the B---- in Apartment 23
himsels
gastrol; ôfl. The Wedding
2012
Key & Peele
Brad
gastrol; ôfl. 2.6
2012
Christmas Angel
dokter Nathan Davis
tillefyzjefilm
2012
The Eric André Show
himsels
gastrol; ôfl. The Eric André New Year's Eve Spooktacular
2013
Shadow on the Mesa
Ray Eastman
tillefyzjefilm
2017
Supergirl
kening Lar Gand fan Daxam
weromkearende rol; 3 ôfl.
films
1993
Slaughter of the Innocents
John Willison
1997
Kull the Conqueror
Kull fan Atlantis
2004
Clipping Adam
pastoar Dan
2007
Walking Tall: The Payback
Nick Prescott
direkt-op-fideo útbrocht
2007
Walking Tall: Lone Justice
Nick Prescott
direkt-op-fideo útbrocht
2008
Meet the Spartans
de kaptein
2008
Prairie Fever
Preston Biggs
direkt-op-fideo útbrocht
2008
An American Carol
George Mulrooney
2009
Fire from Below
Jake Denning
2009
Bitch Slap
Phoenix
2010
What If...
Ben Walker
2010
Wog Boy 2: Kings of Mykonos
Pierluigi
2010
Tales of an Ancient Empire
Aedan
2010
Pool Boy: Drowning Out the Fury
Sal Bando
2010
Paradox
Sean Nault
2011
Soul Surfer
Holt Blanchard
2011
Julia X
de Frjemdling
2011
Coffin
?
2012
Abel's Field
Abel
ek útfierend produsint
2012
Black Box
James
2012
Sorority Party Massacre
haadynspekteur Dan Fanning
2012
FDR: American Badass!
Abraham Lincoln
2013
Paranormal Movie
befeiligingsman
2013
Storm Rider
Sam Fielding
2013
Alone for Christmas
Quentin
direkt-op-fideo útbrocht
2014
Alongside Night
dokter Martin Vreeland
ek útfierend produsint
2014
Survivor
haadynspekteur Hunter
2014
The Black Rider: Revelation Road
Honcho
2014
Coffee Shop
Produzent
2014
God's Not Dead
prof. Jeffrey Radisson
2014
Mythica: A Quest for Heroes
Gojun Pye
2015
Confessions of a Prodigal Son
heit
2015
The Sparrows: Nesting
pastoar Dave
2015
Single in South Beach
Sam
2015
Hope Bridge
pastoar
2015
Mythica: The Darkspore
Gojun Pye
2015
Gallows Road
Frank
2015
Mythica: The Necromancer
Gojun Pye
2016
Caged No More
Richard / Jack
2016
Mythica: The Iron Crown
Gojun Pye
2016
Rodeo Girl
Duke Williams
2016
Mythica: The Godslayer
Gojun Pye
2016
Spirit of the Game
Parley Condie
2017
Let There Be Light
dokter Sol Harkins
ek regisseur
2018
Bernie the Dolphin
?
2019
The Reliant
?
2019
Miracle in East Texas
Doc Boyd
ek regisseur
2021
The Girl Who Believes in Miracles
dokter David Riley
2021
Trail Blazers
Ethan
fideospultsjes
2009
The Conduit
Prometeus
as stimakteur
2010
God of War III
Herkules
as stimakteur
2012
Skylanders: Giants
Crusher
as stimakteur
2013
Skylanders: Swap Force
Crusher
as stimakteur
2013
Cloudberry Kingdom
Bob
as stimakteur
2014
Skylanders: Trap Team
Crusher
as stimakteur
2015
Smite
Herkules (Retro Skin)
as stimakteur
2015
Skylanders: SuperChargers
Crusher
as stimakteur
2016
Skylanders: Imaginators
Crusher
as stimakteur
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes