Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Kustwacht

It patrûljeskip de USCGC Bertholf mei dêrboppe in EADS HC-144 Ocean Centry-fleantúch, beiden fan 'e Amerikaanske Kustwacht.

In kustwacht is in maritime feilichheidsynstânsje dy't wurket yn opdracht fan in oerheid. Men kin it beskôgje as in soartemint plysje en/of dûane op see, dy't ferantwurdlik is foar de befeiliging fan 'e kust fan in lân of territoarium. Sa'n organisaasje beskikt yn 'e regel oer sawol skippen as fleantugen en helikopters. Wat spesifyk de ferantwurdlikheden binne fan in kustwacht ferskilt per lân en kin útinoar rinne fan in swierbewapene tûke fan 'e kriichsmacht mei foech oangeande dûanewurk en bestriding fan 'e misdie (lykas de Amerikaanske Kustwacht) oant in boargerlike organisaasje besteande út frijwilligers dy't rêdingswurk op see dogge (lykas Syn Majesteits Kustwacht yn it Feriene Keninkryk). Yn 'e measte lannen en territoaria mei in kustline bestiet in kustwacht njonken de marine, en binne de ferantwurdlikheden en it foech fan dy organisaasjes strikt skaat. It kin lykwols ek dat der in oerlaping bestiet.

De meast foarkommende ferantwurdlikheden fan in kustwacht binne:

De 'racestreken' fan 'e Nederlânske Kustwacht.

De âldste kustwacht is Syn Majesteits Kustwacht yn it Feriene Keninkryk, dy't yn 1809 oprjochte waard as de Wetterwacht (Waterguard). Nederlân hat twa kustwachten: de Nederlânske Kustwacht yn Jeropa en de Kustwacht Karibysk Gebiet yn 'e Karibyske gebietsdielen.

Begjinnend yn 1964 mei de Amerikaanske Kustwacht hawwe in protte kustwachten fan oer de hiele wrâld saneamde 'racestreken' (racing stripes) yn gebrûk nommen: skeane streken yn kleuren dy't faak ôfkomstich binne fan 'e nasjonale flagge. Dy wurde yn in tige sichtber patroan op 'e romp fan 'e skippen en fleanmasines spuite, sadat dy yn ien eachopslach werkenber binne as eigendom fan 'e kustwacht. It is ferlykber mei de felle kleuren dêr't plysje-auto's ornaris yn skildere binne.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Kembali kehalaman sebelumnya