De lânbou ek wol agrikultuer neamd, hâldt yn de produksje fan fiedsel troch de ferbou fan planten en it hoedzjen fan bisten. Lânbou is de praktyk, lânboukunde is de stúdzje dy't de lânbou as ûnderwerp hat.
Njonken iten produsearret de lânbou ek saken as sierplanten, bûnt, lear, biodisel, tried, medisinen en drugs.
Skiednis
Eartiids libbe de minsk as jager-samler. Hja wienen nomaden dy't gjin fêst wenplek hienen en omreizgen op syk nei iten en drinken foar har deistich bestean. Sy makken jacht op dieren en sochten tuskentroch nei wylde planten om te iten.
Neffens de histoarisy fûn tusken 7000 en 10.000 jier lyn in omslach plak, dat ek wol de agrikulturele revolúsje of neolityske revolúsje neamd wurdt. Yn it Midden-Easten en yn Sina wienen doedestiids minsken dy't har festigen op fêste plakken. Sy setten útein mei it hoedzjen fan fee en it kweken fan planten. De agrikulturele revolúsje markearret de oergong fan de Alde Stientiid of Paleolitikum nei de Nije Stientiid of Neolitikum. Dizze oergong fan jagen-samlen nei lânbou is hiel stadich ferrûn. De minsken ferbouden ynearsten wylde weet en oare gerzen. Dat wie geunstich foar it waaksen fan de befolking omdat fiedseloerskotten opslein wurde koene foar mindere tiden. Tagelyk fûn seleksje plak trochdat sied bewarre waard foar de nije oanplant, wat it begjin wie fan de planteferedeling. Nei alle gedachten hat de lânbou har op net minder as trije ferskate gebieten ûntwikkele, te witten: yn de Fruchtbere Sikkel lizzend yn it Midden-Easten, yn Midden-Amearika en yn East-Aazje.
De alderearste boeren bewurken de grûn mei bonken en geweien fan dieren, en mei primitive sikkels mei in hânfet fan hout of bien en in blêd fan fjoerstien. Letter waard de houwiel útfûn, in soart swiere skoffel. Dat ark wurdt tsjintwurdich noch hieltyd brûkt.
Yn Jeropa waarden ynearsten foaral hak- en brântechniken brûkt om lânbougrûn te krijen fan bosk. Lykwols wie de grûn gau útrûpele en moasten de boeren in tal jierren oarewei oanslach sykje. Hja hienen dêrtroch in semy-nomadyske libbenswize.
Yn de 19e iuw soe minskkrêft stadichoan oernommen wurde troch masines, earst troch de masine op stoom dy't letter opfolge wurde soe troch krêftige, avansearre masines mei in diselmotor, lykas in trekker of in meantersker.