Leo Beerendonk (Brunssum, 23 febrewaris 1938 – 28 april 2022) wie in Nederlânsk fuotballer dy't as oanfaller spile. Yn 1954 makke hy syn debút foar it alvetal fan Limburgia. Dêrnei spile er foar Rapid JC, it Australyske Ringwood City SC, Vitesse en N.E.C.. By dy lêste klup hat Beerendonk net lang spile om't er nei in traap yn it krús, syn testikels yn syn ûnderbúk bedarre. In blessure dy't er net mear te boppe kaam. Nei koart eigener fan in snackbar yn Arnhim west te hawwen, waard Beerendonk trainer.