De ekonomy fan Marr linet sterk op boskbou en feehâlderij, benammen yn 'e ôfhandiger dielen fan it plattelân, dêr't guon fan yn oanmerking komme foar subsydzjeregelings fan 'e Jeropeeske Uny. Yn it westlike part fan it distrikt ûnderstipet it berchgebiet fan 'e Cairngorms, dat de status fan nasjonaal park hat, in goedûntwikkele toeristyske yndustry dy't basearre is op it besichtigjen fan histoaryske plakken en op bûtendoaraktiviteiten. It eastlike part fan Marr hat sûnt likernôch 1990 in beskate befolkingsgroei ûnderfûn troch bettere ferbinings mei de stêdAberdeen, dy't ta gefolch hân hawwe dat forinzen har der nei wenjen set hawwe.
Bestjoer
Marr bestiet út trije wards fan 'e bestjoersrie fan Aberdeenshire:
● Aboyne, Upper Deeside en Donside
● Banchory en Mid-Deeside
● Huntly, Strathbogie en Howe fan Alford
Mei-inoar hawwe dy trije wards tsien sitten yn 'e 68 leden tellende bestjoersrie fan Aberdeenshire.
Histoarysk greefskip
Marr is ferneamd nei Mar, ien fan 'e histoaryske greefskippen fan Skotlân, dat it lân tusken de rivier de Don yn it noarden en de Mounth yn suden besloech. Yn 'e Midsiuwen waard Mar regearre troch hearskers dy't de titel mormaer droegen. Yn 'e tolfde iuw namen se lykwols de titel fan greve (earl) oan. De konneksje tusken de iere mormaers en de lettere greven is lykwols noch altyd dizenich.
Yn 'e alfde iuw waard troch kening Malcolm III it amt fan sheriff yn Skotlân yntrodusearre. Hy en syn opfolgers Edgar, Aleksander I en yn 't bysûnder David I ferdielden it lân dêrnei yn sheriffskippen of shires. Mar kaam sa it grutste part fan 'e shire fan Aberdeen te foarmjen, dêr't meitiid it moderne greefskip Aberdeenshire út fuortkaam.