Marie Johanna (Mary) Dresselhuys (Tiel, 22 jannewaris 1907 – Amsterdam, 19 maaie 2004) wie in Nederlânsk aktrise, dy't goed 150 rollen op it toaniel, yn films en foar telefyzjespile hat.
In 1926 die hja talittingseksamen foar de Amsterdamske Toanielskoalle dêr't hja yn 1929 har diploma helle. Sy krige dêr ûnder oaren les fan Albert van Dalsum, Magda Janssens en Else Mauhs. Har earste rol, doe noch as figurante, spile hja by it Rotterdamsch Hofstadtoneel fan Cor van der Lugt Melsert op 7 septimber 1929.
Dresselhuys hat trijeris troud west.
Sûnt 1992 wurdt in nei har ferneamde priis útrikt.
Films
- Eline Vere (1992) - frou Van Raat
- Vroeger kon je lachen (1983)
- Dorp aan de rivier (1958) - frou Van Taeke
- De Kribbebijter (1935) - Mary
Keppeling om utens