Dêrnei waard hy polityk en bestjoerlik aktyf yn en foar Fryslân. Hy wie in frijwat ûnôfhinklik optredend Twadde Keamerlid.
As grytman fan Idaerderadiel en letter gûverneur fan Fryslân wegere hy yn 1840 in beneaming as lid fan de Ried fan Steat. Hy siet fjirtjin jier yn de Twadde Keamer en wie dêrfan fan 18 oktober1837 oant 15 oktober1838 ek de foarsitter.
Houlik en bern
Op 8 july 1815 troude er yn Ljouwert mei Geertruid de Wendt (Ljouwert, 30 july 1793 - dêre, 17 maaie 1865). Sy krigen de neiflogjende bern:
Eise de Wendt van Sytzama, (Ljouwert, 6 oktober 1816 - dêre, 18 july 1843). Hy waard master yn de rjochten en troude op 15 desimber 1842 yn Ljouwert mei Rinske Heringa Cats (Ljouwert, 14 july 1822 - dêre, 29 maaie 1851). Syn rouboerd út 1843, is it jongste fan Fryslân.
Anna Maria van Sytzama, (Idaarderadiel, 18 augustus 1825 - De Haach, 9 desimber 1827)
De húshâlding wenne efter inoar op de Rinsma State yn Driesum en op in bûtenpleats yn Friens (destiids gemeente Idaarderadiel, dêr't er 23 jier grytman wie).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : SYTZAMA, Maurits Pico Diderik baron van.