Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Museum Stedhûs Sleat

Museum fan Sleat

Museum Stedhûs Sleat sit yn it âlde stedhûs fan Sleat dat boud is tusken 1759-1761 en toant de skiednis fan Sleat.

Keamers

Yn de âlde Riedseal of regtkamer op de earste ferdjipping wurdt in multimediapresintaasje jûn oer 'Sleat, ideale stêd'.

De 'Fertrekseal' lit de skiednis fan Sleat yn fûgelflecht sjen. Op de muorre sit in grutte kopy fan de kaart fan Nicolaas van Geelkerken út 1616. Yn de skreven fan de muorre sitte lytse teaterkes dy't de skiednis fan Sleat fertelle.

De 'Boargemasterkeamer' fan Sleat wurdt sûnt 1984 net mear brûkt.

In soad details oer Sleat krije hjir omtinken. Op de souder stiet in kolleksje toverlantearnen dy't skonken binne troch âld-ynwenner Peter Bonnet (1898-1979).

Eksposysjes

  • Skilderijen John Postma (2008)
  • Sleat en de Sudersee (2007)
  • Eagen ferrifele, optyske yllúzjes (2006)

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Kembali kehalaman sebelumnya