Nord is in Frânskdepartemint yn de regio Hauts-de-France. De namme fan it departemint is ûntliend oan de lokaasje yn it lân; it is it meast noardlike departemint fan Frankryk.
Skiednis
Nord is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje. It departemint waard út it Frânske diel fan Flaanderen, it Frânske diel fan Henegouwen en de Cambrésis (it gebiet fan de biskop fan Cambrai) gearstald.
De Yndustriële Revolúsje fan de 19e iuw fûn al ier plak. Yn de Earste Wrâldkriich waard der slim en lang fochten yn de streek. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it gebiet op 'e nij in wichtich ekonomysk sintrum. Tsjintwurdich hat de regio folgjend op it sluten fan minen en de tekstylfabriken te lijen ûnder sosjale, ekonomyske, kulturele en miljeu problematyk.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Nord by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn de regio Hauts-de-France opgyng.
Geografy
It departemint Nord dielt yn it noardeasten de súdlike grins fan Belgje. Yn it westen grinzget it departemint oan Pas-de-Calais, Aisne en in pear kilometer oan it departemint Somme. It Kanaal grinzget oan it noardwestlike diel fan Nord.
It is in lang en smel departemint en hat as haadstêd Lille, dy't tegearre mei Roubaix, Tourcoing en Villeneuve-d’Ascq mei mear as in miljoen ynwenners it yndustriële hert fan it departemint foarmet. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint en lizze geografysk yn it departemint Pas-de-Calais.
De wichtichste rivieren fan it departemint binne de Lys, de Sambre, de Scarpe, de Skelde en de Izer.
Bestjoerlike yndieling
It departemint Nord is ûnder te ferdielen yn 6 arrondisseminten, 41 kantons en 648 gemeenten
Arrondissemint
Ynwenners 01.01.2018
Oerflak (km²)
Ynwenners/km²
Kantons
Gemeenten
Avesnes-sur-Helpe
228.395
1.413,19
162
4
151
Cambrai
161.111
905,05
178
3
116
Douai
245.549
478,19
513
4
64
Dunkerque
374.966
1.448,85
259
7
111
Lile
1.244.589
884,70
1.407
17
124
Valenciennes
351.624
637,69
551
6
82
Departemint Nord
2.606.234
5.767,67
452
41
648
Befolkingsûntwikkeling departemint Nord sûnt 1962
Jier
1962
1968
1975
1982
1990
1999
2008
2015
2018
Ynwenners
2.294.066
2.418.847
2.511.478
2.520.526
2.531.855
2.555.020
2.564.959
2.605.238
2.606.234
Boarnen: Cassini en INSEE
Stêden
De grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne: