In oarlochsskip of marineskip is in militêrskip dat yn gebrûk is by de marine of de kustwacht, en dat boud is foar oarlochfiering te wetter. Sokke skippen wike troch bou en doel ôf fan boargerskippen. Sa binne se folle skeabestindiger, en teffens binne se yn 'e regel bewapene mei geskut en/of mei swiere masinegewearen en oare wapensystemen. Njonken oarlochsskippen hat de marine ek skippen yn gebrûk dy't net foar oarlochfiering bedoeld binne, lykas transportskippen en hospitaalskippen.
De ierste fermeldings fan oarlochsskippen yn histoaryske boarnen geane oer galeien út 'e Aldheid, dy't troch alle seefarrendelannen út it Middellânske-Seegebiet brûkt waarden en har fuortbeweegden troch mankrêft yn 'e foarm fan roeiers. Sa beskikten de âlde Griken oer biremen en triremen, galeien mei twa, resp. trije dekken fan roeiers ûnderinoar, wêrfan't de boech tarist wie mei in stoarmraam om 'e skippen fan 'e fijân mei ta sinken te bringen. De galei hold oant djip yn 'e Midsiuwen stân, al waard de foarm meitiid wol modernisearre.
Yn it Ynterbellum feroare der in protte foar de oarlochfiering op see troch it yn gebrûk nimmen fan 'e jachtfleanmasine en de bommesmiter troch de marine. Dêrtroch waard nammentlik de yntroduksje fan it fleandekskip needsaaklik, dêr't sokke fleantugen fan opstiigje en op lânje koene. Under de Twadde Wrâldoarloch die bliken hoe totaal oars oft seeslaggen dêrtroch waarden, bgl. yn 'e ferneamde Slach by Midway, dêr't de Japanske Keizerlike Marine in krúsjale nederlaach tabrocht waard troch fleantugen fan fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Marine. Tsjintwurdich is it fleandekskip noch altyd it grutste oarlochsfartúch dat der bestiet. De measte fleandekskippen hawwe, krektlyk as de gruttere moderne dûkboat, in oandriuwing dy't basearre is op in kearnreäktor. De grutere fleandekskippen hawwe in bemanning fan mear as 5.000 koppen oan board.