Omsk (Russysk: Омск) is in Russyske stêd yn Sibearje, haadstêd fan de oblast Omsk. De stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Irtysj en de Om byelkoar komme.
Under it Russysk keizerryk wie Omsk de sit fan de Gûverneur-generaal fan West-Sibearje en letter fan de Gûverneur-generaal fan de Steppen. Yn de Russyske boargeroarloch, yn 1918–1920, wie Omsk de haadstêd fan de anty-bolsjewistyske Sibearyske Republyk en waard de keizerlike goudreserve dêr bewarre.
Ekonomy
Omsk hat in wichtige haven en de Russyske oaljemaatskippij Sibneft sit dêr.
Ferkear en ferfier
Omsk is goed te berikken oer it wetter (Irtysj en Om) en hat oanslúting op wichtige wegen en it spoar. It Transsybearysk spoar en de autowei M5 ferbynt Omsk oer Tsjeljabinsk mei Moskou en it oerbliuwend part fan Jeropeesk Ruslân. Teffens hat de stêd in eigen lofthaven dy't troch mear as ien maatskippijen betsjinne wurdt en dy't de basis is fan Omskavia. It stedske iepenbier ferfier bestiet út trams, stedsbussen en trolleybussen.
Omsk is it einpunt fan de Jeropeeske wei 30 dy't yn Cork begjint. De 5800 kilometer lange dyk rint ek troch Nederlân.
Sûnt 1992 waard der ek wurke oan it oanlizzen fan in metro ûnder Omsk. It wie ynearsten it doel om it earste trasee te iepenjen yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de stêd yn 2016. Mar noch foar it jubileum fan de stêd rekke it jild op en gyng de projektûntwikkelder NPO Mostovik failliet. It hiele projekt waard yn 2018 troch de oblast Omsk offisjeel stopset. Njonken in diel fan it earste trasee en de metrobrêge oer de Irtysj waard allinne it earste metrostasjon Alekander Pûsjkin-bibleteek iepene (2011).
Unjouwing befolking
Jier
Ynwenners
1725
992
1825
9.000
1858
18.000
1897
37.376
1926
162.000
1939
288.855
1959
581.108
1970
821.151
1979
1.014.246
1989
1.148.418
2002
1.134.016
2010
1.154.116
2010
1.126.193
Kultuer en ûnderwiis
As foaroansteand kultuer- en ûnderwiissintrum hat Omsk in tal museums, teaters, skouboargen en (heger)ûnderwiisynstituten.