Pieter Taekes van der Herberg (Eanjum, 11 july 1906 - Grins, 1 febrewaris 1965) wie in jurist en fersetsman.
Libben
Pieter Taekes gie nei de kristlike HBS yn Ljouwert. Nei syn oanfoljend steatseksamen foar talitting oan de universiteit, studearre hy Rjochten oan de Frije Universiteit yn Amsterdam en slagge yn febrewaris 1936 foar it doktoraal eksamen yn de rjochten.
Hy begûn in abbekatepraktyk yn Ljouwert en dosearre dêr lanboubedriuwslear oan de rykslânbouwinterskoalle. Yn de besettingsjierren siet er yn it ferset. Hy organisearre de Oardertsjinst yn Fryslân. Earst mei boargemaster Haersma Buma fan Wymbritseradiel en nei dy syn ferstjerren mei notaris Smid en op it lêst mei Meijer. Van der Herberg wie kontaktpersoan foar de Fryske fersetsminsken mei de sjef-staf fan de sintrale lieding. Op 16 april 1945, fuort nei de befrijiing, waard er beneamd as waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel en ta foarsitter fan de 7e keamer fan it tribunaal, dat nei de befrijing sitting hâlde yn Dokkum foar de berjochting fan persoanen, dy't yn de besettingsjierren yn meardere of mindere mjitte oan de ferkearde kant stien hienen.
Fan 1946 oant 1965 wie er boargemaster fan Dantumadiel.
Op 21 maaie 1958 krige Van der Herberg in slim ferkearsûngelok yn Grins. Hy waard by it oerstekken fan in strjitte oanriden troch in trollybus en rûn ûnder oare in skedelbasisfraktuer op, wêrfan't hy stadichoan opknapte, mar waard eins net mear de âlde. Hy ferstoar yn it Akademysk sikehûs yn Grins op 1 febrewaris 1965.
Yn Damwâld is de Mr. P.T. van der Herbergloane nei him neamd.