Plondering of it plonderjen is it eigenmachtich, omraak en ûnrjochtlik yn besit nimmen fan replik guod en/of libbene have fan oaren, dy't troch de rjochtlike eigner(s) efterlitten binne, of dy't oan 'e rjochtlike eigner(s) troch gebrûk fan of driging mei geweld ôfhandich makke wurde. It is in foarm fan dieverij, en dêrmei in misdriuw, dat troch de dieders yn groepsferbân bedreaun wurdt. Yn 'e regel is der by plondering sprake fan in sitewaasje fan wetteleazens, wêrby't de normale rjochtssteat feitlik fersteld of ynstoart is, lykas by oarloch, in natoerramp of massale ûngeregeldheden.
Yn it ramt fan 'e oarlochfiering wie plondering iuwenlang in hiel gewoan ferskynsel, dêr't de soldaten ûnder beskate omstannichheden faak sels in formeel rjocht ta hiene (lykas by de ynname fan in fêstingstêd), as oanfolling op harren soldij. Yn dy tiid gie plondering ornaris gear mei moard en ferkrêfting, en yn 'e Aldheid ek mei it ta slaaf meitsjen fan 'e oerwûne befolking. Tsjintwurdich is plondering lykwols ferbean ûnder de ynternasjonale wetjouwing, en is it dêryn fêstlein as in oarlochsmisdie.