De resjerzje (fan it Frânske recherche, dat ôflaat is fan it tiidwurd rechercher, "ôfspeure") is de ôfdieling fan in plysjetsjinst dy't as taak hat om ûndersyk te dwaan nei misdriuwen, mei as doel en spoar de dieder(s) op sadat hy of sy berjochte wurde kin. In plysjeman of -frou dy't by in resjerzje-ôfdieling wurket, is in resjersjeur.
Resjerzje-ôfdielings
By de Nederlânske plysje binne op ferskillende nivo's resjerzje-ôfdielings te finen, fan 'e wykteams oant op nasjonaal nivo. De resjerzje-ôfdieling fan in wykteam behannelet ornaris ienfâldige misdriuwen, lykas ynbraken en winkeldieverij. Op distrikts- of regionaal nivo wurde swierdere saken behannele, lykas moarden en wapene oerfallen. Fierders is der in Tsjinst Lanlike Resjerzje (DLR), dy't him dwaande hâldt mei de bestriding fan swiere kriminaliteit en de organisearre misdie. De DLR wie foarhinne ûnderbrocht by it Korps Lanlike Plysjetsjinsten (KLPD), mar makket sûnt 2013 diel út fan 'e Lanlike Ienheid fan 'e Nasjonale Plysje.
Ek besteane der spesjalistyske en ûnderstypjende resjerzje-ôfdielings, lykas de jeugd- en sedeplysje, dy't oer jeugdkriminaliteit en sedemisdriuwen giet; de technyske resjerzje (offisjeel Forinsyske Opspoaring), dy't ferantwurdlik is foar spoare-ûndersyk op plakken delikt; en de Ryksresjerzje, dy't him útslutend taleit op it bestriden fan misdriuwen troch oerheidsfunksjonarissen. De struktuer fan 'e Nederlânske resjerzje is sûnt 2000 faak reorganisearre, en de (polityk gefoelige) diskusje oer dat ûnderwerp is anno 2019 noch altyd net folslein beëinige. It is dêrom skoan mooglik dat der yn 'e kommende jierren noch dingen oan 'e resjerzjestruktuer feroarje sille.
Oarsoartige resjerzjetsjinsten
Njonken plysjeresjersjeurs binne der ek ferskate oare beropsgroepen dy't de term 'resjersjeur' brûke meie. Dêrby kin men tinke oan bedriuwsresjersjeurs, dy't ûndersyk dogge nei misdriuwen binne grutte bedriuwen; fiskaal resjersjeurs, dy't foar de Belestingstsjinst wurkje; en sosjaal resjersjeurs, dy't yn opdracht fan útkearingsferskaffende ynstânsjes (lykas gemeentlike sosjale tsjinsten) ûndersyk dogge nei mooglike útkearingsfraude. Fierders wurde privee-detektives soms oantsjut as 'partikulier resjersjeur'. Lykwols, net ien fan 'e neamde beropgroepen beskikt oer it opspoaringsfoech dat plysjebeämten út haad fan harren funksje hawwe.
Resjerzjeproses
Der wurdt ûnderskie makke tusken it reäktive en it pro-aktive resjerzjeproses. It reäktive proses begjint pas nei't der in misdriuw begien is en der in dieder socht wurde moat. Sokke ûndersiken wurdt gauris ûnderferdield yn 'e folgjende fiif fazen:
- Oanjefte fan in misdriuw
- Identifikaasje fan 'e fertochte(n)
- Lokalisearring en oanhâlding fan 'e fertochte(n)
- Ferhear en bewiisfiering
- Administrative ôfhanneling
It pro-aktive resjerzjeproses set almeast útein op grûn fan ynformaasje dy't de plysje berikt, dat beskate persoanen har yn organisearre ferbân dwaande hâlde soene mei it begean fan misdriuwen. Ek kin it wêze dat de plysje ynformaasje taspile kriget dat beskate misdriuwen taret wurde, sûnder dat dêrby daliks al beskate lju as dieders yn byld binne.
Foech
It opspoaringsfoech dat de Nederlânske plysje hat by it oplossen fan misdriuwen, is fêstlein yn it Wetboek fan Straffoardering. Dêrby wurdt ûnderskie makke nei:
- algemiene twangmiddels, lykas oanhâlding, ynbeslachname en trochsiking (Boek 1, Titel IV, Eenige Bijzondere Dwangmiddelen)
- bysûnder foech ta opspoaring (Boek 1, Titel IVA)
- foech foar de opspoaring foar it ûndersyk nei it belizzen of begean fan earnstige misdriuwen yn organisearre ferbân (Boek 1, Titel V)
Oanfoljende regels steane yn it Besluit Technische Hulpmiddelen Strafvordering. By bysûnder of oanfoljend foech kin men tinken oan it rjocht om ien of mear resjersjeurs undercover gean te litten yn in organisaasje dy't fertocht wurdt fan misdriuwen, of om ynformanten te beteljen foar it oanleverjen fan ynformaasje.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Poot, C.J. de, e.o., Rechercheportret: Over Dilemma's in de Opsporing, Alfen oan de Ryn, 2004 (Kluwer), ISBN 9 01 30 11 756.
|