De Sint-Joazeftsjerke (Sint-Josephkerk) wie in monumintale roomske tsjerke yn 'e Skilderswyk fan De Haach.
De parochy waard yn 1880 oprjochte yn in tiid doe't de Skilderswyk oanlein waard en it tal katoliken hurd oanwoeks. Ear't de tsjerke oan Joazef fan Nazaret ynwijd waard makken de katoliken gebrûk fan in houten needtsjerke oan 'e Van der Duynstraat.
De tsjerke waard tusken 1886 en 1888 oan de Van Limburg Stirumstraat boud neffens in ûntwerp fan Evert Margry. De tsjerke foarme foar de arsjitekt it hichtepunt fan syn karriêre. It hie in ryk ynterieur en bakstiennen stjerferwulften.
De Sint-Joazeftsjerke wie in grutte, trijskepige neogoatyske krústsjerke mei in 86 hege toer. Fanwegen de ûnttsjerkliking en de swiere ûnderhâldslesten moast de tsjerke yn 1971 sletten wurde. Yn de jierren 1974-1975 fûn de ôfbraak fan de tsjerke plak.
Ofbylden
-
Alter
-
Ynterieur yn 1971
-
De ôfbraak yn 1975