Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Sint-Klarabasilyk (Assisi)

Sint-Klarabasilyk
Basilika Santa Chiara
Lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Perugia
plak Assisi
koördinaten 43°4'N 12°37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
wijd oan Klara fan Assisi
status basilica minor
Arsjitektuer
arsjitekt Filippo da Campello
boujier 1257-1265
boustyl gotyk
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Kaart
Sint-Klarabasilyk (Itaalje)
Sint-Klarabasilyk
Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 990
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000
gebiet 14.563,25 ha
buffersône 4.086,7 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Sint-Klarabasilyk (Italjaansk: Basilika Santa Chiara) is in oan Sint-Klara wijde beafeartstsjerke yn Assisi, Itaalje.

De Sint-Klarabasilyk foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed 'Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten'.

Foargonger

Op it plak fan 'e tsjerke stie al earder de Sint-Joaristsjerke (Chiesa di San Giorgio). Ynearsten waard Fransiskus fan Assisi yn dy tsjerke byset, oant yn 1230 syn reliken nei de Sint-Fransiskusbasilyk oerbrocht waarden. Paus Gregoarius IX ferklearre Fransiskus yn 1228 yn 'e Sint-Joaristsjerke hillich. Ek Sint-Klara waard byset yn dy Joaristsjerke. Dat barde op in plak dat noch lang geheim bleau, oant har grêf yn 1850 werom fûn waard. De reliken fan Klara waarden dêrnei oerbrocht nei in spesjaal foar har boude neogoatyske krypte.

Skiednis hjoeddeiske basilyk

De bou fan 'e tsjerke mei in oanbuorjend kleaster sette nei alle gedachten ûnder lieding fan Filippo da Campello yn 1257 útein. Dat wie fjouwer jier nei de dea fan Sint-Klara en twa jier nei har hillichferklearring. Oant dy tiid hiene de nonnen yn it kleaster fan San Damiano wenne.

By de bou fan 'e basilyk waard in diel fan âlde Joaristsjerke yn 'e nijbou yntegrearre. Karakteristyk foar de basilyk binne de trije loftbôgen, dy't yn 'e 14e iuw tafoege binne om it gebou de fersterken.

De skryn fan Klara fan Assisi.

It ynterieur fan 'e ienskippige tsjerke fan fjouwer traveeën is ienfâldich en hat in grûnplan fan in latynsk krús mei ôfslutend in apsis. Oarspronklik wie de tsjerke fersierd mei in syklus fan fresko's oer it libben fan Sint-Klara, mar dy binne nei it 18e-iuwske oerkalkjen en de skea fan 'e ierdskodding fan 13 jannewaris 1832 allinne fragmintarysk bewarre bleaun.

Yn it skip is mar ien kapel, dy't oan Sint-Agnes, in suster fan Klara, wijd waard en ek yn 'e basilyk begroeven waard. De fresko's yn dy kapel binne yn 1914 oanbrocht troch Girolamo Marinelli en Sigismondo Spagnoli.

Oan 'e rjochter kant foarmet it dwersskip it diel fan 'e âlde Sint-Joaristsjerke. Dy romte wurdt yn twaën ferdield. Ien romte is hjoeddedei de mei fresko's fan Pace di Bartolo, Puccio Capanna en in 14e iuwske master, dy't him beynfloedzje liet troch Giotto en Pietro Lorenzetti, fersierde Sakramintskapel. Oan 'e muorre efter it alter binne fragminten fan muorreskilderings út de 13e en 14e iuw iuw.

Reliken.

De Sakramintskapel jout tagong ta it oratoarium fan it Krús. Dêr hinget it krús fan San Damiano dat sa'n grutte rol spile by de bekearing fan Fransiskus en dat tsjin Sint-Fransiskus spriek en him de opdracht joech de ferfallen tsjerke fan San Damiano wer op te bouwen. De fresko's binne fan Francesco Tartaglia (1527). Efter it traaljewurk wurde reliken bewarre fan Fransiskus, Klara en Agnes, lykas de sûtane fan Sint-Fransiskus, in liturgysk kleed fan Fransiskus mei borduerwurk fan Sint-Klara, in kistje mei de skedel fan Sint-Agnes, in krús en in koarde fan Sint-Klara en in sandaal fan Sint-Franssikus. It triptyk mei in Madonna en Bern is fan Rinaldo di Ranuccio .

Paus Pius X joech op 9 augustus 1912 de tsjerke de earetitel basilica minor.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Klarabasilyk, Assisi fan Wikimedia Commons.
Kembali kehalaman sebelumnya