De Sint-Kwintentsjerke (Dútsk: Kirche St. Quintin; ek: Sint-Quintinustsjerke) is de âldste parochytsjerke fan Mainz en waard al yn 774 neamd. De tsjintwurdige tsjerke is in goatyskehalletsjerke út de jierren 1288-1330. De tsjerke foarmet hjoed-de-dei tegearre mei de domtsjerke ien parochy.
Skiednis
Oarspronklik giet de parochy nei alle gedachten werom op de Merovingyske tiid. Dat ferklearret ek dat de tsjerke wijd is oan Sint-Kwinten, in hillige dy't letter yn it ferjitten rekke. De tsjerke waard foar it earst yn 774 neamd. Yn dy tiid waarden in soad tsjerken boud yn Mainz. Letter hie de Sint-Kwintentsjerke ek in eigen parochytsjerkhôf.
De hjoeddeiske tsjerke waard útein set yn 1288 en yn 1330 yn goatyske styl foltôge. Al yn 1348 soe de tsjerke swiere skea oprinne, doe't by in pestpogrom in oanstutsen brân út it oanbuorjende getto op de tsjerke oersloech. De skea koe sûnt 1425 wer ferholpen wurde.
Doe't de Frânske revolúsjonêren yn 1792 de stêd ynnamen en besetten, waard de tsjerke troch it Frânske leger brûkt.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke by de loftoanfallen fan 1942 op de stêd slim skansearre. De muorren bleaune stean, mar in wichtich relikwy fan 'e hillige Kwinten en oare kostbere saken gyngen troch de brân ferlern. Nei de ferneatiging waard de weropbou fuort útein set en yn 1948 koe de tsjerke wer yn gebrûk nommen wurde. It wurk oan 'e tsjerke gyng lykwols noch in skoft troch en it duorre noch oant 1995, doe't de toer fan 'e tsjerke wer syn oarspronklike houten bekroaning werom krige.
Op 4 novimber 1950 krige de tsjerke mei help fan 'e biskop fan Soissons, mgr. Pierre Auguste Marie Joseph Douillard, wer in relikwy fan de patroanhillige.
Ynterieur
De oarspronklike ynrjochting fan 'e tsjerke gyng by de loftoanfallen op 'e stêd yn de Twadde Wrâldkriich foar in grut part ferlern. In pear stiennen reliëfs fan 'e út 1500 datearjende kleastergong en in doopfont út 1713 koene noch rêden wurde. Om't de tsjerke rillegau nei de kriich wer brûkt wurde koe, binne doe ferskillende keunstskatten fan oare Mainzer tsjerken oerbrocht nei de Sint-Kwintentsjerke.
It grutte 7 meter hege en goed 3 meter brede skilderij fan de Himelfeart fan Marije fan Franz Anton Maulbertsch út 1758 yn it noardlike sydskip, komt oarspronklik út in yn 1781 ophefte Mainzer abdij en hong sûnt 1802 yn 'e tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich ferneatige Sint-Emmeranustsjerke. Ek de rokoko preekstoel is ôfkomstich út 'e Sint-Emmeranustsjerke. Fan 'e yn 1942 ferneatige Kristoffeltsjerke is in piëta út 1470 oanwêzich. Yn 'e Krúskapel hinget in goatyske krúsifiks út it begjin fan de 15e iuw; de korpus is opfallend om't de krusige Jezus liket te glimkjen. De barokke sydalters binne ôfkomstich út de parochytsjerke fan it Mainzer stedsdiel Bretzenheim, dy't yn 1899 de alters oernommen hie fan 'e Leaffrouwetsjerke fan Oberwesel.
Oargel
It oargel waard yn 1906 troch de Ingelske oargelbouwer Nelson út Durham boud foar in net mear besteande kapel. De oargelboufirma Elmar Krawinkel & Soan restaurearre it ynstrumint en fergrutte it mei sân registers oant no tsjintwurdich 23 registers op twa manualen en pedaal. Foar de bou en útwreiding waard histoarysk materiaal op 'e nij brûkt. Fierder hat de tsjerke in kistoargel fan de firma Vleugels.
Klokken
De tsjerketoer waard yn 1489 boud. Yn 'e toer hingje fjouwer klokken. Dêr is ek de âldste klok fan Mainz by, de saneamde Lumpenglöckchen, dy't yn 1250 getten waard. De oare trije klokken binne oan it begjin fan 'e 20e iuw getten.