Share to: share facebook share twitter share wa share telegram print page

Sint-Nicolaas (Arûba)

Arûba

Sint-Nicolaas of San Nicolas is in plak yn it súdeasten fan Arûba. Sint Nicolaas leit 19 kilometer súdeastlik fan Oranjestêd. It is Aruba's op ien nei grutste plak.

Oaljeraffinaderij

Sint-Nicolaas ûntstie yn 1924 as bedriuwsstedsje, doe't de Lago Oil and Transport Company der in oaljeraffinaderij iepene, dy't in soad minsken wurk joech. De raffinaderij waard yn 1985 sletten troch de Exxon Corporation, mar yn 1991 waard er weriepene troch de Coastal Corporation, dy't him yn 2004 trochferkocht oan 'e Valero Energy Corporation, in Teksaansk bedriuw. Yn 2009 gie de raffinaderij wer ticht, en yn 2010 wie der praat fan dat er wer iepen gean soe, mar dêr kaam neat fan. Valero hat teffens 11 tankstasjons op it eilân. De raffinaderij produsearre foarhinne 275.000 fetten deis.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de raffinaderij om 'e nocht oanfallen troch de Dútsers, it slagge harren wol om in stik as wat tankers sinke te litten. De raffinaderij wie doetiids yn hannen fan Lago Oil.

Nei de oarloch hat de raffinaderij der foar soarge dat Arûba it ekonomysk tige goed die yn de Kariben. De raffinaderij soarge foar in soad wurk en hie wurknimmers út goed 50 lannen. Omdat it om in bedriuw út de Feriene Steaten gie, arbeiden der in protte Amearikanen. De Amerikanen wennen meast yn it tichteby lizzende plak Seroe Colorado, dêr't mânske huzen set waarden. Nei't it bedriuw yn 1986 Arûba ferliet, mei omdat de raffinaderij ferâldere wie, gienen de wurknimmers ek fuort en waard Seroe Colorado in soarte fan spûkdoarp mei leechsteande fertutearze filla's.

Prostitúsje

Sint-Nicolaas is it iennige plak op Arûba mei legale prostitúsje, yn de jierren 70 en 80 ûntstien om de meast bûtenlânske wurknimmers fan de oaljeraffinaderij te geriivjen.

Kembali kehalaman sebelumnya