De roomske Sint-Nikolaastsjerke stiet oan de Wakkerendijk yn Eemnes. De tsjerke is boud yn neo-klassike styl, dêr't sûnt it begjin fan de bou net folle oan feroare is.
Skiednis
De roomske tsjerke fan Eemnes hat krektas de Grutte of Sint-Nikolaastsjerke yn Eemnes de hillige Nikolaas as patroan. Dy hillige waard sûnt de 12e iuw yn de net ûntgûne gebieten yn it Utertsk-Hollânske feangebiet as beskermhillige tsjin oerstreaming fereare. Tsjerken fan syn namme steane of stienen yn Vinkeveen, Nieuwveen, Jutfaas, IJsselstein en Benschop. Ek oan de eardere Suderssee, de grutte rivieren en de Fryske Middelsee waard dizze populêre hillige patroan fan in protte tsjerken.
Nei de Reformaasje kamen de katoliken fan de beide Eemnessen (Eemnes-Binnen) en Eemnes-Bûten) yn in skuorretsjerke gear. Yn 1736 bouden se ien lyk tsjin de hjoeddeiske tsjerke oan. Troch de minne steat dêrfan en troch romtegebrek, moast yn 1845 de hjoeddeiske tsjerke boud wurde. De arsjitekt wie Nicolaas Kamperdijk, dy't flak dêrfoar de âlde tsjerke fan Zeist boude. De tsjerke is as Wettersteatstsjerke boud. Wat er staat is waterstaat spotte men destiids wolris oer ditsoarte neo-klassike tsjerkjes. De namme Wettersteat komt troch it tafersjoch dat it departemint fan Wettersteat by de bou hie. In bekende Wettersteatstsjerke is de Mozes en Aärontsjerke yn Amsterdam; yn Soest stiet allinnich noch in foargevel fan soksoarte tsjerke. Ek yn Laren en Hilfertsom stienen eartids Wettersteatstsjerkjes. De Eemnesser tsjerke stiet sûnt 1967 op de list fan beskerme monuminten.
It besjen wurdich
Boppe it middenpaad hingje 17e iuwske kearsekroanen. Foaroan sit it preesterkoar mei twa alters. It foarste alter is makke fan iepenwurke houtsnijwurrk, út twa oerstallich wurden kommunebanken.
It efterste alter is yn 1845 setten. It wurdt oerwulve troch in byldegroep dy't de saneamde trije-ienheid útbyldet: de Heit dy't op de wrâldbol wiist, de soan, dy't it krús fêsthâldt en mei syn foet de slange (it kwea) fertrapet, en de Geastesdo.
It alterstik stelt de oanbidding fan de wizen foar. Dy skildering is yn 1850 troch Anthonius Brouwer (1827-1908) makke. Fan de hân fan dizze Hilfertsommer binne en yn de roomske Sint-Fitustsjerke noch in oantal skilderingen bewarre.
Boppe de beide doarren nei links en rjocht fan it alter steane Marije en Jozef (beide mei Kristusbern). Se komme út it atelier fan Joseph Graven (1870). Hy levere ek de beide oare bylden: Johannes Nemopuk en de Goede Harder, dy 't oarspronklik by de bychtstuollen hearden. Dizze bylden steane no yn de pastorij en yn de deikapel.
Rjochts op it preesterkoar stieet in 19e iuwske tafel, wêrfan it blêd fan swart marmer fersierd is mei in soadkleaurich ynliswurk ( pietra dura ) fan ûnder oare pearels, (lapis lazuli) en healedelstiennen. Dizze tafel wurdt by de tsjinst brûkt om tsjelk en ampullen (kantsjes mei wetter en wyn) op te setten. Rjochts foar stiet in wyt marmeren doopfont mei koperen lid, makke troch J.L. Lamie(1865). Hjirop stiet de doop fan Jezus yn de Jordaan ôfbylde. Yn de foet steane de nammen fan de skinkers: Johannes Stoutenburg en Cornelia Reinierse. Op de ikehouten preekstoel, in seissidige kûpe, steane Kristus en syn evangelisten útbylde: Lukas (mei ko) op it doarke, Johannes (mei earn), Mattheus (mei ingel) en Markus (mei liuw). Yn de aparte romte, links njonken it alter efter twa doarren, stiet in devoasjealter ta eare fan de hillige Roazekrânse (1888). Under stiet Marije ôfbylde wylst Kristus har kroanet. De retabel (opbou) toant Marije mei kristusbern, flankearre troch knibbeljende en steande persoanen. Links stiet ek de hillige Dominikus (mei boek en guozzefear) en rjochts de hillige Nikolaas (mei trije gouden bollen).
Fierder nei efteren ta stiet links op it koar in skilderij fan de patronesse fan de koarsjongers: de hillige Sesilia. Dêrûnder stiet in byldegallerij mei fan links nei rjochts: Gerardus Majella (mei deakop), Antoanius fan Padua, Nikolaas en op 't lêst in piëta (Marije mei de ferstoarne Kristus op skoat). Hjirby hingje ek de krúswei mei skilderijen. Dy krúswei waard yn 1944 troch de Soestdiker Alfons Damen skildere (lykas it Lêste Jûnsmiel) en it Pinksterbarren op it preesterkoar.
De piëta is sûnder mis it moaiste byld yn de tsjerke. De ûnbekende makker moat it om 1480 yn Utert makke hawwe (atelier Ariaen fan Wesel?). Dit byld wie krektas de oare Midsiuwske bylden oarspronklik hielendal polygroam beskildere). Mar yn 1957 waarden alle fervelagen, dy't der yn de rin fan de fiif iuwen opdien wienen der ôf helle en kaam de oarspronklike foarm wer foar it ljocht. Net foar neat is dizze piëta troch de minister fan CRM op de list fan keunstskatten setten, (Wet Behâld Kultuerbesit). It byld wie yn Eemnes earder as "Mem fan Smerten" bekend; faaks omdat it yn it ferline nei in bluoddrige oarlochshanneling yn de Eemneser tsjerke setten waard. As oantinken oan dit barren hinget yn de herfoarme Grutte of Nikolaastsjerke in boerd mei de tekst: Toen men schreef 1480 en één, was in Eemnes groot geween... By de reformaasje namen de roomsken it byld mei en joegen it in eareplak yn harren skuorretejerke (midden boppe it alter). By de doar nei bûten steane twa wijwetterbakjes dy't ek út de skuorretsjerke komme.