It stasjonsgebou waard setten yn 1901. It gebou lei oan de Steven Huygenstrjitte, en is tsjintwurdich as wenhûs ynrjochte.
Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standaardtype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon yn Sint Anne foel binnen it type NFLS halte 1e klasse.