In stoarm is in tige hurde wyn binnen in grutskalich waarsysteem, dat in depresje neamd wurdt. It gebiet binnen in depresje dêr't de wyn mei stoarmkrêft blaast, hjit it stoarmfjild. De wittenskiplike definysje fan it ferskynsel stoarm is in wyn mei wynkrêft 9 of mear op 'e skaal fan Beaufort, wat sizze wol dat de trochsneed faasje fan 'e wyn oer in tiidsspanne fan tsien minuten teminsten 75 km/h bedraacht. De wynkrêft is yn in stoarm nea konstant, mar nimt allegeduerigen ôf en wer ta. De heechste útsjitters fan wynkrêft neamt men wynfleagen of wynstjitten. Dy lizze by in stoarm oer it algemien inkele tsientallen km/h heger as it gemiddelde.
As de faasje fan 'e wyn oer tsien minuten yn trochsneed teminsten 90 km/h bedraacht, sprekt men fan in swiere stoarm (wynkrêft 10). By in trochsneed wynfaasje fan 103 km/h oer tsien minuten giet it om in tige swiere stoarm (wynkrêft 11). As der sprake is fan in trochsneed wynfaasje oer tsien minuten fan 117 km/h of mear neamt men it gjin stoarm mear, mar in orkaan (wynkrêft 12). Orkanen komme benammen faak yn 'e tropen foar, en ûntsteane dan út (en swakje letter wer ôf ta) tropyske stoarmen.