De treinramp by Ranum ek wol bekind as busramp by Ranum barde op woansdei 16 oktober1940 om 7.00 oere benoarden Winsum op it Spoar fan Winsum nei Sâltkamp. By de botsing wie in stoptrein en in autobus belutsen. By de botsing kamen 12 passazjiers en de sjauffeur fan de bus om it libben en rekken noch ris 13 buspassazjiers ferwûne. It ûngelok wie 40 jier earder as de treinramp by Winsum besuden fan Winsum.
Autobus fan de Westlandsche Stoomtram Maatschappij dy't foar de Dienst Uitvoerende Werken (D.U.W.) ried, ûnderweis nei "ynpolderingsprojekt de Slikken" (Linthorst Homanpolder).
Yn de betide moarn fan 16 oktober 1940 wie in kolonne fan njoggen bussen op wei fan Grins nei Westernieland. Yn de bussen sieten wurkleazen, dy't te wurk steld wiene by it ynpolderjen fan de Slikken, de hjoeddeiske Linthorst Homanpolder flakby de Waadsee. De lêste bus fan de njoggen wie efterop rekke en stuts yn de mist in net bewaakte oerwei fan it spoar fan Winsum nei Sâltkamp oer. Dêr waard de bus rekke troch de earste trein út Sâltkamp.
De bus waard útinoarskuord troch de klap. De lokomotyf skuorde in part fan de bus mei, ûntspoarde en kantele, de opbouw fan de bus waard tsientallen meters fuortsmiten en it sjassy einige op 'e hichte fan it midden fan de trein lâns de spoarbaan.
Alle slachtoffers wiene passazjiers fan de bus, de ferwûnen waarden oerbrocht nei it Akademysk Sikehûs Grins.
Nei de ramp
In moanne nei de ramp waard it passazjiersferfier op dit trajekt definityf staakt; it frachtferfier gie noch troch oant 26 oktober1942. Doe waard it trasee op lêst fan de Dútske besetters sletten. De line waard yn desimber 1942 opbrutsen en de rails waarden ôffierd nei it eastfront. Om't jin nei de oarloch gjin brea mear seach yn de line, dy't yn de jierren tritich al net mear as libbensfetber beskôge waard, binne der nei de kriich nea nije spoaren dellein.
Underoan de dyk yn Westernieland, deunby de Linthorst Homanpolder stiet in monumint ta neitins oan de slachtoffers fan de Treinramp by Ranum.