As de term 'admiraal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerre-admiraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens faak fjouwer stjerren omfetsje. Behalven de al neamde luitenant-admiraal, in typysk Nederlânske rang dy't ekwivalint is oan in 'folle' admiraal yn bûtenlânske marines, besteane der noch trije legere gradaasjes fan admiraals: fise-generaal (trije stjerren), skout-by-nacht (2 stjerren) en kommandeur (1 stjer). Yn guon marines komt fierders ek noch in ekstra gradaasje foar, de flottylje-admiraal, dy't tusken skout-by-nacht en de kommandeur yn stiet. Admiraals, luitenant-admiraals en fise-admiraals wurde oansprutsen mei "admiraal", wylst skouten-by-nacht oansprutsen wurde mei "skout-by-nacht" en kommandeurs mei "kommandeur". It skip fan in admiraal wurdt it flaggeskip fan in float neamd.
Skematysk oersjoch
Oersjoch fan 'e admiraalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: