In maarskalk of fjildmaarskalk is in opperofsier fan 'e heechste rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in beheind tal lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht en de maresjesee; de ekwivalinte rang by de marine is grutadmiraal of admiraal fan de float. It wurd 'maarskalk' komt oarspronklik fan it Aldfrankyske *marhscalc of *marhskalk, fan *marha ("hynder", ferlykje 'merje') en scalc of skalk ("jonge"). De oarspronklike etymology fan it wurd 'maarskalk' is dus "stâljonge".
Yn 'e militêre rangoarder stiet in maarskalk boppe in generaal, en fiert er yn prinsipe it befel oer legergroepen dêr't ferskate legers yn gearbrocht binne. Dêrmei is it de heechste rang dy't der bestiet, hoewol't de rang fan maarskalk yn 'e measte kriichsmachten fan 'e wrâld net foarkomt, sadat de rang fan generaal ornaris it heechst is. De Nederlânske kriichsmacht ken bgl. gjin maarskalksrang mear; de lêste Nederlânske fjildmaarskalk wie prinsFreark, de soan fan kening Willem I, yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw.
Militêre rangen dy't ekwivalint binne mei dy fan maarskalk komme ek yn guon legers foar, mei as bekendste foarbyld de (tige seldsume) generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal') yn 'e Amerikaanske kriichsmacht. Oare lannen mei ferlykbere rangen binne Egypte en ferskate oare Arabyske lannen (mušir), Fjetnam (nguyên soái of thống chế), Grikelân (stratarches), Iran (artešbod), Japan (gensui), Kroaasje (vrhovnik), Noard- en Súd-Koreä (wonsu), Sina (yuan shuai) en Tailân (chom phon).
Skematysk oersjoch
Oersjoch fan 'e maarskalksrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen: