It Amerikaanske Leger tsjinnet as it diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften dat him taleit op oarloch op lân. Dêrby binne de doelen:
● it hanthavenjen fan frede en feilichheid en it fersoargjen fan 'e ferdigening fan 'e Feriene Steaten, syn oerseeske gebietsdielen en besittings, en alle oare gebieten dy't yn it besit (sij it permanint of tydlik) fan 'e Feriene Steaten binne;
● it ûnderstypjen fan it belied fan it regear fan 'e Feriene Steaten;
● it ta útfiering bringen fan 'e nasjonale doelen fan 'e Feriene Steaten;
● it ferslaan fan alle lannen of oare entiteiten dy't ferantwurdlik binne foar dieden fan agresje dy't de frede en feilichheid fan 'e Feriene Steaten yn gefaar bringe.
Nei't de Feriene Steaten harren ûnôfhinklikheid wûn hiene en de Britten har dêr yn 1783 by dellein hiene, waard it Kontinintale Leger gau-gau ôftanke fanwegen it hearskjende republikeinske wantrouwen tsjin steande legers. Tenei moasten steatsmilysjes it iennichste leger fan 'e Feriene Steaten foarmje, mei as útsûnderings inkeld it 1e Amerikaanske Rezjimint, dat yn it Westen de frontier ferdigenje moast tsjin 'e Yndianen, en ien batterijartillery om it federale arsenaal te West Point te ferdigenjen. Fanwegen oanhâldende konflikten mei de Yndianen besefte men lykwols al rillegau dat der ferlet wie fan in grutter steand leger, it Geregelde Leger (Regular Army). Dat wie earst hiel lyts, mar nei de Amerikaanske nederlaach yn 'e Slach oan de Wabash waard it yn 1791 reorganisearre en fergrutte ûnder de namme fan it Legioen fan de Feriene Steaten. Yn 1796 waard it Legioen omneamd ta it Amerikaanske Leger.
Yn syn skiednis hat it Amerikaanske Leger oan mear as 50 oarloggen en oare konflikten dielnommen, wêrfan't it meastepart beflapt wurde kin ûnder de Amerikaansk-Yndiaanske oarloggen: