Nei't er ferskate kearen nei Sibearje ferballe west wie is Brodsky nei de Feriene Steaten emigrearre. Yn 1987 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer. Hoewol't syn poëzij dêrnei ek wer yn Ruslân útbrocht waard, woe Brodsky net werom nei syn heitelân, ek net nei de delfal fan it kommunisme.
Hy spilet in rol yn in roman fan syn freon Sergej Dovlatov: 'Net allinnich Brodsky' (Не только Бродский: Русская культура в портретах и анекдотах).
Nederlânske útjeften
Der is mar in part fan Brodsky's wurk yn it Nederlânsk oerset.